Futsal: SDS 2 kampioen!

Wepperkes -tongersdei-
18 april 2007
Wepperkes -freed-
20 april 2007

De sealfuotballers fan SDS 2 binne juster kampioen wurden yn de 1e-Klasse. Sy ferlearen dan wol harren wedstryd tsjin ZVH, mar konkurrint SC Genemuiden hie lyk spile en bleaun sa 2 punten efter SDS 2.
SDS 2 wie dus foar de wedstryd al kampioen. Dit geheim waard goed bewarre. Allinne Samme, Gerard en Dirk-Yde wisten dat sy foar de wedstryd al kampioen wienen. De oare spilers en ek it publyk waard ferteld dat Genemuiden wûn hie en dat SDS 2 per sé winne moast. Doe ’t SDS 2 6 minuten foar tiid efter kamen waarden de supporters dan ek aardich stil…. De minuten tikten fuort en it like of dat SDS 2 it kampioenskip op harren búk skriuwe koe. Doe ’t de skiedsrjochter foar it ein fan de wedstryd floot wienen der earst ek mar 3 man(Gerard, Samme en Dirk-Yde) dy ’t juichden. Doe ’t sy de grap útleinen hienen koe de titel fierd wurde. It sil noch lang ûnrêstich bleaun wêze yn de sporthal…….



Tseard Breeuwsma nimt de skaal yn ûntfangst.


Dit hat Tseard faker dien.

 
SDS 2 kampioen 1e-Klasse A seizoen 2006-2007