Beste Ates Feikes de Boeres

Wepperkes -tongersdei-
7 oktober 2004
Nijlân docht syn húswurk
8 oktober 2004

Beste Ates Feikes de Boeres,

 

Yn Wommels hawwe se in spesjale groep minsken, dy’t de opfang regelt fan nije ynwenners. Net op de foargrûn, mar efter de skermen, sûnder dat de nije ynwenners der wat fan merkbite.

It docht bliken dat nei ferrin fan tiid de minsken harren hieltyd better thús fiele yn Wommels en dat se harren oanslute by it ferieningslibben. Foar de dúdlikheid by it ferieningslibben fan Wommels heart SDS ek.

It slagget hast altiten mei de yntegraasje, mar soms ek net, sa docht ferline wike bliken út it ferhaal fan Ates Feikes De Boeres. Dy lekskoait hiel wat byelkoar.

Neffens myn kollega’s yn Nijlân in prima fuotballer, dy’t by SDS sa mei kin yn it earste at er gjin Floris west hie. Mar dizze jongkeardel dy’t syn earste periode yn Wommels opfongen is yn Jimbar, is troch syn maten yn Nijlân oansetten om de kâlde oarloch betiid yn te setten.

Ates Feikes de Boeres wit yn in (koart of lang)hier skerpe analyze de sterkte  fan SDS oan te jaan. Of wie dit de swakteanalyse? Want in grinsrjochter mei in alkoholpromillaazje sil yn Nijlân net opfalle. Troch Aaipop stjonkt it dêr op en om de Mande oant febrewaris ta nei alkohol. Nee, wy sitte der ek net oer yn dat jim de opstelling fan de foaren al witte. Dêrfoar hoege jim echt net efter de boskjes sitten te gean yn Wommels of krekt dwaan at je de hûn útlitte, je kinne by SDS gewoan de freeds op ynternet sjen. En mochten se yn Nijlân ek noch witte wolle hoe grut de zône is en wa’t yn hokker zône spilet , dan kin de Treffer fan oktober útkomst biede, want Sibe hat it foar jim úttekene.

Oh, ja, at Ates Feikes de Boeres meiride wol nei Nijlân, dan kin dat. Graach op tiid yn Easterein wêze. Want wy wachtsje net op him. Of giet  er leaver mei neef Ate op de weduwe?

Al mei al sjogge se by SDS ek út nei dizze wedstriid en al wer 3 punten.

 

Immigraasjetsjinst Wommels