Wepperkes -tongersdei-

Kampioensfoto SDS 1 bestelle!
27 mei 2004
Drege foarbereiding A- en B-seleksje
27 mei 2004

Stefan van Krimpen
Us Eastereinder mei Rotterdams aksint is it fuotbal al lang wer fergetten. Hy hat him hielendal talein op it keatsen. 2 kear mei de krâns thúskomme yn Easterein en de geruchten wiene der al dat hy op de Nederlânske Kampioenskippen foar Easterein mei dwaan soe. Dat gerucht kinne wy ûntsenuwe. It partoer fan Easterein bestiet út trije deeglike SDS-ers en dy set je net samar oan de kant.
Frjemd wie it dan ek net dat dyselde Stefan dizze wike keihurd oan it trainen rekke yn … Wommels. Yn alle rêst wie hy dwaande mei in famyljelid om de pripper noch better ûnder de knibbels te krijen. Grutte kans dat hy him hjoed by Jacob Klaas Haitsma meldt om mooglik mei him de party te keatsen yn Frjentsjer. Want ja dy oare twa binne net lid fan SDS dus dat moat te regeljen wêze.

Redaksjepraat
De Treffer redaksje hat woansdei te jûn byelekoar west op lokaasje yn Wommels. Fier wei fan flusterfinken koene de plannen foar de kommende tiid besprutsen wurde. Want it stribjen bliuwt er dat ynternet goed fersjoen bliuwe moat fan nijs en oare healwizichheid.
De kommende dagen kinne jim mear ynformaasje fine oer de pool dy’t wy opsette foar it EK. Foar 5 euro kinne jim meispylje. Standen wurde alle dagen bywurke op ynternet.
De redaksje naam ek ôfskie fan Meinte Wesselius. Hy hat sûnt desimber 1998 diel út makke fan de redaksje. Gelokkich giet hy net hielendal út byld. Hy sil ús noch wol helpe mei opmeitsjen. En fansels in foto links en rjochts meitsje dat kin hy dochs net litte.  Meinte yn alle gefallen tige tank foar wast oant no ta dien hast foar de Treffer.

Piter Lieuwe van der Valk
Yn de foarige Treffer stie in ferhaal oer Piter Lieuwe syn plannen mei de autokross. Oer syn geweldige debút kinne jim hjoed of moarn mear lêze.

Keamer te hier?
Wy hawwe in fraach krigen fan immen dy’t anonym bliuwe wol, at er begjin augustus ek in keamer te hier is yn Easterein. De reden is ús net bekind. Oanbiedingen foar in skalike priis kinne diene wurde op info@vv-sds.nl