Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
23 oktober 2007
Wepperkes -freed-
25 oktober 2007

Futsal: SDS 1 wint
SDS 1 hat justerjûn mei 8-3 yn Ljouwert fan Friesland wûn. By de rêst wie it noch mar 0-2. De earste helte wie SDS net hielendal ûngelokkich west mei 4 ballen op de peal foar Friesland. De twadde helte wie dúdlik foar SDS en sy rûnen út nei 7-0. Úteinlik waard it in knappe 8-3. Skelte(3x), Peter(2x), Feite(2x) en Anne(it sil ik ris net) makken de goals en Tseard en Jan-Simon dienen de rest.
Troch de blessures fan harm, Robert en Willem hie SDS dit kear mar ien wissel mei.

Futsal: Útslach SDS 3?
SDS 3 spile justerjûn thús tsjin Renado 2. Wy binne benijd nei de útslach.

Yn Toppenhúzen
SDS A1 moat kommende sneon fuotbalje tsjin ONS/TOP A2. Dizze wedstryd sil plak fine yn Toppenhúzen.

Earder
SDS B1 soe kommende sneon om 12.30 yn Ljouwert fuotbalje tsjin Leeuwarder Zwaluwen. Dizze wedstryd wurdt no om 10.15 spile.

Troch yn de beker
De útslagen fan alle bekerwedstriden binne troch de KNVB ferwurke en it docht bliken dat SDS C1, E1 en F1 troch binne yn de beker.

De earste kear
Fannejûn sil der foar it earst nei it trainen neisitten wurde yn de nije kantine. Wy binne benijd as de kachel it docht, de fleskes lekker kâld binne en as de frikandellen dêr krekt sa lekker bakt wurde. Jûn de test!

Fuotbalfandaal(1)
Tsjintwurdich hat eltse klup wol syn eigen fandalen. Sy operere faaks yn groepen en meitsje der rûn it fuotbaljen in soadsje fan. 20 jier werom hienen dizze fandalen it noch tige dreech om ’t sy faak allinnich op paad moasten(klik hjir).

Jokte…….
Oanhingers fan it Ajax-legioen jokten harren tiisdei noch wolris efter de earen… En lutsen it hier út de holle en …..(klik hjir).