Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
24 oktober 2007
Seleksjes sneon 27-10
26 oktober 2007

SDS – WPB
Kommende sneon de derby tusken SDS 1 en WPB 1. De doelpunten falle by dizze wedstriden yn Snits meastentiids by boskjes sjoen de útslagen fan de lêste 15 jier(2-0, 1-2, 3-5, 2-3, 3-2, 3-2). Yn Easterein is dit meastentiids net it gefal. De lêste trije kear wie it in lykspul(0-0, 1-1 en 0-0). SDS 1 wûn foar it lêst fan de Snitsers yn it seizoen 1997-1998. It waard doe 4-0.(

Net mear Frysk op de fjilden
Yn Drinte en Grins reitsje se hieltyden mear yn de war. Easrt roppe se yn Havelte dat se gjin Fryske skiedsrjochters mear ha wolle en no meie wij fan harren net mear Frysk prate. Soks kinne wij fansels net gewurde litte.

Net ferjitte
Kommende moandei fanôf 20.30 de ledegearkomste fan SDS yn de nije kantine.

Futsal 3
Futsal 3 hat woansdeitejûn ferlern. Renado gie mei in 4-8 oerwinning werom nei Sint Nyk.

Twastriid
De twastriid tusken jong en âld levere in teloarstellend ien nei lêste plakje op foar jong en âld einige op in prachtich twadde plakje.

Reanimere
Trienus de Jong docht moarn net mei by SDS 5. Hy moat nei Dútslân foar in reanimaasjekursus(klik hjir).

Foto’s
Henk Bootsma syn kompjoeter docht it wer. Dat betekent dat jimme no syn foto’s fan ôfrûne sneon sjen kinne op syn side(klik hjir).

Buorman
Je sille mar sa’n buorman hawwe….(klik hjir).

Te keap!
Wy krigen in tip fan Jan-Rinse. Foar gjin jild in prachtige sjaal op Marktplaats. En ek noch yn Easterein op te heljen(klik
hjir).

Dit wurdt (net) leuk
Yn de 5de klasse D fan it amateurfuotbal brekt ien fan de kommende wiken in echte fuotbaloarloch út, at wij de oanlieding en de berjochten leauwe meie.