Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
5 december 2007
Winterprogramma SDS 3
7 december 2007

Seleksjes
Fannemiddei hiene hjir de senioaren-seleksjes foar moarn stean sillen, mar alles is ôflast troch de KNVB.

Oefenje
SDS 1 oefent moarn om 14.30 út yn Seisbjirrum tsjin AVC.

Hurddrave
De A- en B-seleksje koenen juster net terjochte op it trainingsfjild en moasten útwike nei de dyk. Dêr waard hurddraaft. Earst in warming-up troch Easterein en dêrnei nei Wommels. Weromreis waard it in wedstrydsje. Anne en Durk tochten út te meitsjen wa ’t it earste yn Easterein wêze soe. Doe ’t sy hast spuiend oer de finish soenen wie it Jildert Hylkema dy ’t der noch in flinke sprint útperste en mei oermacht wûn.

Periode?
Mocht SDS 1 moarn winne tsjin Wieringermeer dan hawwe sy in grutte kans op it pakken fan de 2e periode. Sjoch hjir mar.

Spilerskaarten
De spilerskaarten fan SDS 2 binne poater. Wa wit wêr ’t sy binne? Skilje mei Jan de Jong(0515-331351)
.

Winterstop
Alle senioareteams moatte moarn of folgende wike noch efkes los foar de winterstop. SDS 3 net. Sy genietsje no al fan in wolfertsjinne winterstop mei mar ien ferliespartij yn de earste kompetysjehelte.

Net handich
Sa ’t wy al seinen is dit net al te snoad(klik hjir).

Kwis
Op de webside fan de VI is wer in aardige kwis te finen. Wy binne benijd nei jim antwurden. Klik hjir om de kwis te dwaan dy ’t hielendal giet oer de Primera Division.