Spanning en fermaak

Wepperkes -tongersdei-
21 december 2006
Wepperkes-freed-
22 december 2006

Tongersdeitejûn wie it in jûn mei spanning en fermaak.

It begûn mei fermaak
Wichard Deinum hie in grutte doaze besoargje litten bij de kantine. Dêryn sieten sa’n 210 ûnderdielen dy’t meielkoar in prachtige fuotbaltafel foarmje koene. Probleem wie fansels wol hoe krije in oantal (ûn)handige mannen dit foarelkoar. It waard in prachtich skouspul.

Stoffel, Ype, Klaas en Durk wiene de haadskroevers en draaiers….


Jan die hjir en dêr in hantaest en joech efterôf oan dat bijgelyks de fearen oan de ferkearde kant sieten, dat de opstelling net goed wie en dat de mantsjes de ferkearde kant útstiene. Mar úteinlik kaaam it klear en wiene der mar 15 ûnderdieltsjes oer. 


De earste tafelkampioenskippen fan SDS koene begjinne en de feteranen fan SDS 5 (Durk en Klaas) lieten Redmer en Bauke fan A1 alle hoeken fan de hoeken fan de kast sjen.


De segetocht fan Klaas en Durk waard flink ôfremme troch de grutte nederlaach (2-5) tsjin Ype en Aant. Dizze kombinaasje begûn sterk en hie it taktysk goed foarelkoar. Aant hearske op de middenfjild en yn de spits en Ype wist fan út de efterste line mei lange ballen aardich te skoren. 


Redmer en Bauke hiene it dreech mar se bleaunen laitsjen.

Utslach.
Op in fertsjintlik fiifde plak: Sjoerd en Jan
Op in teloarstellend fjirde plakje: Redmer en Bauke
Yn de griize middenmoat: Ype en Aant
In earfol twadde plakje: Klaas en Durk
Sûnder puntferlies: Jelmer en Sytze


En doe kaam echt it serieuze wurk. Ype en Daan meielkoar yn de striid op it momint dat Daan de tekst fan it klupliet fan Ajax besiket foar de geast te krijen wat helaas net slagge.


Efter de tafel yn de bekerronde waard hurd harsensskrabe


Sjoerd yn de striid tsjin Daan. Sjoerd mocht it klupliet fan sc Hearrenfean sjonge mar kaam hast net fierder as Ole, ole ole.

Utslach kwis.
Nei trije ronden:
Sjoerd 9, Ype 13 en Daan 14.

Yn de finale sette Ype efkes gong (hij wie krekt efkes sneller as Daan) en sa giet Ype mei in 6-2 oerwinning nei de finale.

Op 6 jannewaris 2007 is dy finale. En wij kinne no al melde dat er ek foar it publyk in kwisronde is. Petje op petje af, nei it foarbyld fan Holland Sport. Elkenien moat dus wol in pet, hoed of mûtse meinimme.