Wepperkes – tongersdei –

SDS League:As in duveltsje út in doaske
13 december 2006
Wepperkes -freed-
14 december 2006

Tredde foarronde kwis
Tongersdei 21 desimber is de tredde foarronde fan de fuotbalkenniskwis. Der binne noch trije kandidaten oer om in finale plakje te heljen en it op te nimmen tsjin Gearard Posthumus en Wichard Deinum.
Daan Boersma, Ype Tiemersma en Sjoerd van Beem trede nije wike tongersdei foar it fuotljocht. It begjint om 21.30 oere.

Tafelfuotbal

Wij hawwe begrepen dat er nije wike tongersdeitejûn net mear traind wurdt. Dochs wol de kwiskommisje graach in lekkere folle seal. Dêrom is der foarôfgeand oan de kwis, in kampioenskip tafelfuotbal útskreaun. Sij soene graach wolle dat alle seniorenalvetal yn alle gefallen 2 teams stjoere om te striden om de priis. In team moat bestean út 2 man.
Ek de A’s meie meidwaan.
Lit ús der noch in lekkere trainingsjûn yn de kantine fan meitsje, it kin no noch.
Opjaan per 2 graach sa gau mooglik sadat wij it goeie oantal tafels regelje kinne.
Opjaan kin op
dit adres of bij Aant of bij Fred.

19 juli 2008
Der binne al twa goeie antwurden binnen mar it falt ús wat ôf dat sommige minsken de jierdei fan harren “idool” net witte. Wij jouwe se noch ien kâns. Freed komt it antwurd.

Keatse
De winterstop giet nei sneon yn. Dat betjsut yn Easterein dat it keatsseizoen efkes yngiet. Want snein kin der keatst wurde. Yn de sporthal wol te ferstean.

Amateurvoetbalspel
Der binne twa SDS érs dy’t meidogge oan it totospul fan Wijd en Zijd. Alle wiken besykje sij mei in 1, in 2 of in 3 de útslach te foarspellen. It hat efkes duorre mar Bas (nr 4)  is dan eindelik Aant (nr 7) foarbij. Sjoch hjir foar de tuskenstân

Goed nijs
Beide webmasters wiene tige tefreden nei justerjûn. Want de klups út 010 en út 020 wûnen beide.

Harsens derby (39)!!
It wol mar net winterje, mar mocht er moarn in pak snie lizze dan is it oppasse. Klik hjir.