SDS League:As in duveltsje út in doaske

Wepperkes – woansdei –
12 december 2006
Wepperkes – tongersdei –
13 december 2006

Nei 6 wiken op it earste plak stien te hawwen hawwe Tom, Pieter & the Heartbreakers eindelijk ôfstân dien fan harren earste plak. Drok oan it boartsjen mei de Sinteklaaskadootsjes stiet it fuotbaljen efkes op it twadde plak. It binne de Jelsmanian Devils fan Jan Simon Jelsma dy ’t harren no yn it 1e plakje fêstbite.



Ruurd Boorsma pakt dizze wike de wykpriis mei 53 punten. Hy giet hjirmei lyk fan it 18e nei it 6e plak. Grutte man by Ruurd wie N’Kufo(TWE) mei syn 3 goals.

FC Dronryp(Tsjalling Sikma) grypt krekt nêst de wykpriis. Hy komt 2 punten te koart. Hy is de ienige yn de SDS League dy’t sawol Medunjanin(SPA, 2 goals) en N’Kufo(TWE, 3 goals) yn de basis stean hat.

De Top Drie(Trienus de Jong) kin de top 3 wol ferjitte. Mei mar 10 punten sakket hy fan 21 nei 32.

Anne Steen op nr 1(A.S.) stiet op it 68e plak en tinkt deroan om syn namme nei de wintersop te feroarjen yn Anne Steen op 101……

Team Kooistra (H.K.) presteart ûnder de maat mei syn 79e plak. Miskien wurdt it ek foar him tiid om syn namme te feroarjen. Miskien is Team Jumbo wat?

Ondanks de reade kaart fan Theo “krat” Jansen(VIT) ferlit Theo Krat(Johan Postma) dochs it lêste plak. Rudy Völler(Rudi Dijkstra) nimt “die Rote Lanterne” oer.

Foar de einstân fan de earste helte fan de SDS League binne der noch 3 wykprizen te ferdielen.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 12.