Wepperkes -tongersdei-

SDS League: 2 wykpriiswinners!
8 november 2006
Wepperkes -freed-
9 november 2006

Futsal: SDS 2 ûnderút
SDS 2 hat justerjûn mei 4-1 ferlern fan Genemuiden 1. Foar SDS 2 makke Feite it ienige doelpunt. Klik
hjir foar it ferslach fan Dirk-Yde Sjaarda fan dizze wedstryd.

Mailtsje fan in ‘rasechte’ Feyenoord supporter!!
Woansdeitejun Feyenoord – RKC live op televisje. Ik haw my lekker del joent op’e bank mei in bakje koffie en in stik koeke, en gong der even goed foar sitten. Feyenoord de leste trije wedstrijden 9 punten, RKC ien nei underst ien de competitie mei nog mar 1 oerwinning. Erwin Koeman sien alde club, dit moat toch in lekkere ‘pot’ wurde, mei alles der op en der oan. Nei in kertier fuotbaljen bruts mei de koffie op en de broek sakke of, der wie nog net in spyler fan Feyenoord die de bal bij in meispieler krije koe, lit stean in knappe oanfal. Ik as ‘echte’ Feyenoorder skamme mij djip, en koe it net meer oansjin. Ik haw oerskakele op SBS, der wie wol in knappe film foar, die haw ik utsjoen en dernei mei del joent op bed. Tongersdei te moarn waard ik wekker, en de earste gedachte wie:’hoe soe Feyenoord spiele hawwe’? sunder te waskjen nei underen en snel teletekst derfoar, mei 3-2 verlen ien de verlenging. Hjoed in kloate dei hant want allegeare AJAX ‘supporters’ ien de keet. Jun mar wer even nei de kantine om in bierke te drinken, en sa mar tinke…… Der komme fest wol wer bettere tiiden.
Klaas

Inderdaad een goed alternatief
Juster op training waard de rivaliteit tusken Easterein en Wommels oanhelle, nei oanlieding van it bericht op de webside fan SDS. De einpartij om de trije punten soenen tusken de twa rivalen gean. Uteraard hearden Meilahuzen (A. Feijten) en Easterlittens (Feiko) bij de Eastereiners. Foar it skoft hienen de Eastereiners al een riante voorsprong fan mar leafst 4-0! Nei rust sakke de thusspilende partij wat yn, al kaam de oerwinning net mear ien gefaar. Overigens die trainer Marco mei Wommels mei, miskien sprake fan falspyljen……
Jildert Hylkema


Nije korrespondinsje-adres
Om ’t André Vink it wedstrydsekretariaat oernommen hat fan Tinus Hoekstra is it korrespondinsje-adres ek feroare. Dit is it nije:
Fam. A.C.Vink
de Singel 30a
8734HR EASTEREIN
0515-333134


Hjerstkampioen
Tsjerk van der Pol hie fanmiddei wat tiid oer en seach efkes nei de stânnen by de SDS-jeugd. Hy hat efkes rekkene en neffens him is SDS E4 no al hjerstkampioen. Dit koe ek hast net misse want sy hawwe oan’t no ta alles noch wûn. Hooplik set dit nei de winterstop troch.
Miskien jûn in feestje nei it trainen?
Stân SDS E4:
1. SDS E4 8 8 0 0 24 76 16
2. AVC E3M 8 6 1 1 19 36 17
3. WZS E2 8 5 2 1 17 26 16
4. Oosterlittens E5 8 5 1 2 16 45 27
5. Scharnegoutum E3 8 3 1 4 10 31 42
6. Zeerobben E5 8 2 2 4 8 20 29
7. SC Franeker E10 8 2 1 5 7 14 36
8. Mulier E3 8 1 2 5 5 13 34
9. AVV E2 8 1 1 6 4 24 32
10 JV Bolsward E5 8 1 1 6 4 17 53

Skjinne klean
Wy witte no fan wa’t de smarge klean wienen dy ’t by Sieta Visser de woskmasjine yn gienen:
Ik wist net dat Sieta myn klean yn de wask hie. Ik ha nog neat mist, mar no bin ik der ek net al te skerp yn. It liket my wol in mooie deal as klaas no by my lans komt mei de skjinne klean.
Groeten Jan Stenekes.

In fraachje
Kommende sneon spilet SDS út tsjin Oeverzwaluwen. Yn de lêste 30 jier hat SDS mar trije kear bij Oeverzwaluwen yn de kompetsyje sitten. De lêste oerwinning wie neffens ús bron op 8 maart 1976. In 1-2 oerwinning. Wij woene wol graach witte wa’t doe skoarde foar SDS.
Maile kin nei ús bekinde adressen.

Skorst?
Sa ’t no liket is Dennis Dijkstra net skorst foar kommende sneon. Hy is ôfrûne sneon op papier kommen mei 2 giele kaarten en is dus net automatysk skorst foar de earstkommende wedstryd. It kin al wêze dat der hjoed of moarn in skorsing binnen komt.

Harsens derby!(19)
Ferskeidene SDS-side besikers(û.o. Ates Feikes de Boer, Marcel Frankena, Henk Postma en Henk en Bertus Bootsma) hawwe wat mei boatsjes. Wy snappe no wêrom(klik
hjir).

Nije trainer?
Mocht Erwin Koeman it net rêde by Feyenoord dan stiet de nije trainer al klear……………..