Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
9 november 2006
Seleksjes -sneon-
10 november 2006

Oeverzwaluwen 1 – SDS 1
Sneon spilet SDS tsjin Oeverzwaluwen. Beide klups hawwe neffens it oersjoch net in grut ferline meielkoar. Sjoch hjir foar
it totale oersicht.

Futsal: SDS 1 flink ûnderút
It giet net goed mei de sealfuotballers fan SDS 1. Juster ferlearen sy op ‘e nij en dit kear mei dikke sifers. Yn Ljouwert waard mei 12-3 ferlern fan Leeuwarden 1. De doelpunten fan SDS 1 waarden makke troch Feite, Robert en Peter.
Koach Willem Overal hat dit seizoen noch net folle gelok hân mei syn team. Troch blessures koe der dit seizoen noch net ien wedstryd begjinne yn de sterkste opstelling. Willem hoopt dat it nei de winterstop allegear wat better rinne sil.

Dochs skorst
SDS hat hjoed berjocht krigen dat Dennis Dijkstra skorst is foar ien wedstryd y.f.m. syn 3e giele kaart fan dit seizoen. Hy docht moarn dus net mei by it 2e.

Weriepene
Marnetechniek yn Wommels wurdt kommende sneon heriepene. Tagelyk is der in iepen dei en middeis foar de jeugd in Voetbalspektakel fan SC Heerenveen. Dit is foar fuotballers fan D, E en F . It skynt sa te wêzen dat Maarten de Jong in soarte mei klinik jout. Foar de jeugd in echte oanrieder om dêr mei heit en mem hinne te gean. Besikers fan de iepen dei kinne kaarten fan SC Heerenveen-Lens winne.

Simultaan damme
Freedtejûn is der yn Blauhûs in simultaan fryske dam wedstryd. Alle Blauwhuzers meie efter in damboerd sitten gean om it op te nimmen tsjin …. Stoffel Bouma. It is fansels logysk dat Stoffel der sneon net is om te fuotbaljen tsjin Tsjom.

Bierke
“He, Stoffel, wolsto noch in bierke”
Dat hoege je Stoffel net te freegjen.
“Graach Marcel, hast hjoed wol in beurs bij dy?”

SDS 3 futsal wint
De futsallers fan SDS 3 hawwe woansdeitejûn wûn. De einstân fan 7-2. Doelpunten wiene der fan Jacob, Johan, Ids, Pieter en Harm Auke (3) 

Easterein – Wommels
Ek justerjûn wie der wer in in striid tusken Wommels en Easterein. SDS 5 en SDS 6 lieten sjen dat soks goed ferrinne kin. “It hat noch nea sa tam west” neffens trainer Sipke.
Easterein wûn oertsjûgend, want dat is logysk: yn Wommels is (noch) gjin klup.

In berch romte
Fan ‘e wike melden wy dat de nije berchromte fan de Skoalleseize 8 by 10 meter wurde soe. Dit is fansels in berch romte mar hy wurdt 8 by 20 meter.

Mei it hiele gesin
As je no gjin nocht hawwe om snein nei de Jimbar te gean om dêr fanôf 12.30 Ajax-PSV te sjen dan is it miskien in opsje om mei it hiele gesin foar in skaplik pryske nei SC Cambuur-Haarlem(klik hjir).

The Battle of ……..
As je sawol neat mei SC Cambuur, Haarlem, Ajax of PSV hawwe dan is der foar snein noch wol in aardich affysje:

M.m.f. Dirk de Jong.

Marco Borsato of Coldplay
“Kinst dat nummer wol fan Marco Borsato: Rood , freget Pieter Groenveld tongersdetjûn oan Dennis Dijkstra, “leuk nummer of net”?
Dennis sjocht ferbaasd of him hinne: “Wêr hast it oer?”
Dennis is sa’t wij witte mear in leafhawwer fan Coldplay. Dit nummer draait hij meast twa kear efterelkoar

AAAAAAUUUUWWW
Pieter-Liuwe van der Valk is der moarn net by fan SDS 6. Syn hiele bealch docht him noch sear. Twa wiken werom siet hy op sneontejûn yn in taksibuske doe ’t hy noadich pisje moast. De taksisjauffeur woe allinne net stopje en Pieter-Liuwe beslúte it heft mar yn eigen hannen te nimmen. Hy die de doar iepen en sprong út de taksi. Neffens de ferhalen dy de bealch him doe sa sear dat hy noch net pisje koe……

Harsens derby(19)!!
Nei voooooooooooooorrèèèèèèùuuuuuuuuuuuuhhhh(klik hjir)