Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
17 oktober 2006
Wepperkes -freed-
19 oktober 2006

Spektakelstik yn sporthal
Net SDS 1 en ONR 1 (út Roden) makken der juster in spektakelstik fan, mar de skiedsrjochter. Net dat SDS direkt de dupe wurden is fan it fluitsjen, mar it hie wol ynfloed op de sfear.
Hij karde twa doelpunten ôf fan ….. ONR. Beide kearen hantearde hij de foardielrigel net.
Hij joech Johannes giel foar in sliding, dat wie terjochte
Hij joech Feite in ûnterjochte giele kaart foar in oertreding .
Hij joech Jehannes giel omdat hij dy te gau ynrûn wylst hij dyselde oertreding ONR net bestrafte en hij joech noch in kear giel en dus read fanwege wat praterij.
Hij fluite as in echte thúsfluiter mar dan foar ONR.
Hij joech Jan Simon direkt read fanwege in fleanende tekkel.
Dêrneist wiene der ek noch 4 doelpunten foar ONR en helaas mar trije foar SDS: Johannes, Peter en Robert wiene de doelpuntenmakkers.

Futsal 2 rint tsjin earste ferlies op
SDS futsal 2 hat juster yn en tsjin Ens mei 3-2 ferlern. SDS 2 hie oan ’t no ta alles noch wûn.
Klik hjir foar it ferslach fan Dirk-Yde Sjaarda.

Programma sneon
Wij krigen noch efkes in tip fan Bas van der Wey. Kommende sneon spilet SDS 6 thús tsjin VOG. Sij wolle hiel graach in kear winne en soene dêrbij jim stipe graach sjen. Om 14.30 oere giet it los en de tagong is fergees.

Fleantuch te fol
Hjoed is Freddy ôfsetten nei Mallorca om dêr de fragen fan de fuotbalkwis te betinken. Hij hat safolle boeken mei dat der yn it fleantúch te m in romte wie.

Opjaan fuotbalkwis
Je kinne je noch altiten opjaan foar de kwis mar it moat wol gau. Ien fan de eardere winners Lolke Hofstra hat te kennen jûn dat hij dit jier net mei docht. Dus binne der wer kânsen foar nije kandidaten.
Mail hjir hinne om mei te dwaan.

Harsens derby!!(6)
Juster koenen wy by it sealfuotbaljen sjen hoe bepalend in skiedsrjochter wêze kin. Dizze skiedsrjochter makket it wol hiel bûnt(klik hjir).