Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
17 oktober 2006
Wepperkes -tongersdei-
18 oktober 2006

SDS 1 – ONR 1   3-4
In spektakel mei in protte read en giel. Moarn mear.

Meinte Sixma-toernoai
Kommende sneon wurdt foar de safolste kear it Meinte Sixmatoernooi holden foar D, E en F junioren. It begjint om 9.30 oere en is om 12.30 oere ôfrûn.
It is net allinne foar âlders, pakes en beppes en oare famylje de muoite wurdich om efkes te sjen. Kom dus ek!

Betterskip
Ofrûne sneon foel Johan Postma út mei in ankelblessuer.
Hy moast in pear dagen sitte en dernei nei dokter. Yn it sikenhûs ha se foto’s naam fan de ankel. En der bliek in skuorke yn de ankelbannen te sitten. We moatte Johan dus wol in ‘skofke’ misse by B1. We winksje him in soad betterskip en hoopje op in goed en sûn herstel.
Klaas Pompstra

Smarge earen?
Fan ús razende reporter Gerard van Asselt krigen wy de folgende tip:
Tsjipke(SDS 1) hat wol snel ris lêst fan smarge earen. Op dizze foto kin jo sjen hoe hij se wer skjin makket op in efficiente manier(klik hjir)!!

Titus
Wy binne benijd hoe ’t Titus jûn yn de sporthalkantine stiet nei it sealfuotbaljen. Sneon stie hy der net super by:
Ofrune sneon stie elts yn de sporthalkantine frjemd foar de glêzen te sjen.
Wat is der buten oan de han?
It is 17.00 yn de middei en Titus stiet steunend tsjin syn auto oan. Hy liket fan efteren wol smoar dronken,
sa skeef hat der it lief boppe de skonken.
Syn frou komt de kantine yn draven. Der wurd ûngerêst oan har frege ”hat Titus in borrel te folle han en moat der no sa noch oan it wurk?
Wel nee, ik sil de efterdoar foar him iepen dwaan hy hat efkes by de fysio wist. En kin hast net op syn fuoten stean.
En sa kaam Titus nei in skofke mei paraplu (as rollator) de gong yn. Hy hat in heal oere op en del it magasyn rûn en doe wie der wer de man en koe der syn wurksumheden wer dwaan. 
Sporthalkantine bezoeker.

Gjin fluit
De Knvb liedt op dit stuit in nije generaasje skiedsrjochters op. Nij yn de oplieding is dat se sûnder fluit it fjild yn gean.
Yn dit filmke wurdt er oefene op it einsinjaal.

Harsens derby(5)
Hjir wer in klassiek gefal fan in keeper dy ’t tinkt dat der fuotbalje kin(klik hjir).