Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
12 oktober 2006
Seleksjes -sneon-
13 oktober 2006

Marcel bedankt
Marcel Frankena hat de froulju tiisdeitejûn foar it lêst trainen jûn. De froulju wienen aardich wiis mei de trainingen dy ’t hy harren jûn hat. As dank krige hy in moai T-sjurt. No is ’t ôfwachtsjen wat de froulju fierder fan plan binne.

Marcel yn it sjurt wat hy krige fan de froulju as dank.


De groep is aardich grutter wurden neffens de earste training.

Futsal: SDS 1 ferlern
Sa ’t wy juster al melden klopte it dat de futsallers fan SDS 1 woansdei mei 7-3 ferlern hawwe by ZVF.
SDS kaam al gau efter tsjin de Frentsjerters. Doe ’t it nei 5 minuten al 2-0 wie like it in kânsleaze jûn te wurden. Hjirnei kearde de wedstryd hielendal. Floris, Feite en Peter skoarden sadat SDS by de rêst mei 3-2 foar stie. Op wei nei de 4-2 foel de goal oan ‘e oare kant, 3-3. Dêrnei koe it alle kanten op en nei de foarsprong fan ZVF naam SDS mear risiko wêrtroch ZVF útrinne koe nei 7-3.
Dizze wedstryd like wol in kopy fan de wedstryd fan foarige wike thús tsjin FFS.
Folgende wike woansdei spilet SDS 1 thús om 20.00 tsjin ONR.

Wedstrydsponsors
Moarn spilet SDS 1 de thúswedstryd tsjin QVC om 14.30. De wedstrydsponsors binne:
De Fizel, Wommels en
Hanzedruk, Boalsert.

JV Bolsward

Moandei melden wy dat Bolswardia dan eindliks ek in webside hie. Dit klopte net hielendal. It is net Bolswardia mar JV Bolsward(de jeugdôfdielingen fan CAB en Bolswardia tegeare) dy ’t in webside makke hawwe. Klik hjir om de webside nochris te besjen.

Seleksjes
De webmasters binne juster beide net yn de kantine west mar dochs sille hjoed alle seleksjes foar moarn op de webside te sjen wêze.
Hâld de side hjoed dus yn ‘e gaten.

Misses Robinson
Wie dizze Ingelske keeper miskien in bettere 2e keeper foar SC Cambuur west?(klik
hjir)
Dit wie ’t kommintaar yn in Ingelse krante juster nei dizze misser: “0-2 to you,misses Robinson. Jesus loves you more than you will now”.

Pabo’ers
Hooplik is it better steld mei de Pabo’ers fan SDS; Sjoerd en Jan: