Wepperkes -tongersdei-

SDS League: AAS pakt de wykpriis!
20 september 2006
Wepperkes -freed-
22 september 2006

SDS 2 futsal wint wer
It seizoen fan SDS Futsal 2 begjint prima. Ek justerjûn waard wûn mei 7-4. Klik
hjir foar it ferslach fan matchwinner Dirk-Yde Sjaarda. Letter hjoed komt in nije alvetalfoto.

SDS 3 futsal pakt noch krekt in punt
S.D.S 3 heeft gisteren in de zaal 1-1 gelijk gespeeld tegen Bolswardia2! na lang 0-1 achter te hebben gestaan schoot Pieter met een fraai afstand schot de verdiende 1-1 binnen!!
Harm Auke Dijkstra

SDS 4 bestiet net mear?
Bij it opmeitsjen fan de stannen foar de kommende Treffer kamen wij der efter dat SDS 4 net mear yn de kompetysje sit. Wij hawwe gjin offisjele befestiging krigen fan it bestjoer mar nimme oan dat de side fan de KNVB net liicht.

Nei it sikenhûs?
Tidens de training fan ôfrûne tiisdei kaam Willem Wijnia wat ûngelokkich yn botsing mei Andrew Feijten. Andrew koe troch, mar Willem moast nei 10 minuten de training ferlitte mei in seare knibbel. Hy is letter sels noch yn it sikenhûs fan Snits bedarre………….Hy moast oan ’t wurk.

Fan herte!
Hjoed is Dennis Dijkstra jierdei. “Bernard” is 33 jier wurden. Fan herte lokwinske!
Wolle jim Dennis lokwinskje dan kin dat jûn yn de fuotbalkantine! 

Kom him ek lokwinskjen!

Ledengearkomst
Set it fêst yn de aginda! Op moandei 6 novimber sil de wer in ledengearkomst wêze foar alle leden fan SDS. Kom dus ek!

Klompendûns
Sneon wurdt der yn De Pein de wedstryd spile troch ONT en Oeverzwaluwen. Neffens in artikel fan 17 juny op de webside fan Oeverzwaluwen wurdt der yn de Wâlden in soad op klompen rûn en net allinne rûn. De webmaster fan ONT spilet moai op dit artikel yn en sil Oeverzwaluwen sneon op in wiere klompendûns traktere(klik hjir).

Dat wurdt âlderwetsk genietsjen!

Plysje auto’s
Fanne wike seagen wij de plysjeauto’s fan Piet en Jos sûnder bannen stean. Hoe’dat allegear krekt gien is, kinne jim
hjir sjen.

F4 op de foto
Us jongste fuotballers sitte yn F4. Ek sij binne sneon allegear op de foto kommen en wij wol benijd wa’t it allegear krekt binne. Dus
mail ús at jim de nammen fan alle spilers kinne.

Letter fêst mear!