SDS League: AAS pakt de wykpriis!

Wepperkes -tiisdei-
18 september 2006
Wepperkes -tongersdei-
20 september 2006

De SDS League giet lyk los. Nei it wykein 82 teams ynfierd te hawwen yn de komputer binne wy lyk ek mar trochgien mei it ynfieren fan de earste punten. Hjirûnder it rissultaat:

De earste wykpriis giet nei de winner fan de foarige edysje fan de SDS League; Marco Hoekstra. Hy pakt mei syn AAS lyk de earste wykpriis. En dat mei Vlaar(FEY) yn de basis……
Photograph
Alwer in pryske derby.

“De Middenmotor” dizze wike is Mata Harie fan Arjan Posthumus. Hy stiet op nûmer 41. Hooplik hawwe de spilers fan Mata Harie in goeie pedikure sadat sy net komme te sitten mei yngroeiende teannagels lykas harren koach.

“Anne Steen op nummer 1″(A.S.) hat noch in lange wei te gean. Hy begiet op nûmer 77.

Foar de Kooistra’s is de earste wike noch net sa’n sukses. Sytse Kooistra stiet ien nei ûnderst en Hans Kooistra ûnderoan. Hans hat hjirmei in primeur. Nea earder begie der in ploech mei in negatyf oantal punten(-3!!) oan de SDS League.

Sjoch hjir foar de earste stân: klik
hjir.