Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
20 september 2006
Seleksjes -sneon-
22 september 2006

Net presteare?
At it net goed giet mei de prestaasjes fan SDS 1 binne der dus oare mooglikheden as hurder traine en boetes jaan. Wij hoopje mar net dat Marcel “syn kontakten” yn Cambuur kringen brûken giet. Want it soe ferfelend wêze dat moarn bij ferlies yn Hallum de trochtocht  yn Ljouwert ûnderbrutsen wurdt.Sjoch
hjir.

Út of thús?
Der binne fuotballers fan SDS dy ’t net elke wike mei itselde team meispylje. Sa kin it komme dat je 3 wedstriden eftermekoar thús fuotbalje of júst altiten út fuotbalje. Sa hawwe Jehannes Tichelman(SDS 1 en 2), Sjoerd Rispens(SDS 2 en 3) en Pieter Kamstra(SDS 2 en 3) noch net in kompetysjewedstryd thús fuotballe. Anne Stenekes hat noch net fan de pôle west en spilet moarn ek wer thús mei SDS 2.

Fuotbal sjen
Dy dûbele fuotbal útstjoeringen fan Talpa hawwe wol wat. Op it moment dat se oerskeakelje nei de oare wedstryd is it suver spannend. Je witte dat er in doelpunt is (dêrom skeakelje se) mar wa. Bij de oerskeakeling nei Veendam Feyenoord  juichden mei namme de Ajaks supporters justerjûn yn de kantine at Veendam yn de oanfal gie. De Feyenoord supporters hiene kleuren as bellefleuren want it like der efkes net goed út te sjen. Uteinlik koene Durk Okkema en Klaas Okkema tefreden nei hûs troch de oerwinning fan Feyenoord. En sis no sels winne fan Veendam is krekt sa’n grutte prestaasje as winne fan RKC 2 (mei 3 A-spilers)

Jong tsjin âld
Hieltyd mear âlde spilers komme nei it trainen. Sels Klaas Visser trainde mei om seker te wêzen fan in basisplakje. Der wiene sels safolle âlde spilers dat Ype Tiemersma mei jong dwaan moast. It hat gjin sin om alle kearen de winner te fermelden. Dat dogge wij dizze kear dan ek mar net.

Nije foto

Hjir de nije foto fan SDS futsal 2. Sjoerd van Beem ûntbrekt op de foto.

Op de fyts
SDS 5 spilet sneon de streekderby tsjin Skearnegoutum. Omdat it sa moai ticht bij is, giet de hiele seleksje op de fyts nei Skearnegoutum. Dus sjogge jim moarn in stik as 15 âlde mannen fytsen, dan witte jim dat it SDS 5 is.
Der binne ek plannen om op de fyts nei Tsjom en mei de boat nei de Wetterpoarte Jonges.

Snor derôf
Jacob Plantinga is noch altiten tige populair yn Skearnegoutum. Dat fynt hij net leuk, want hij is der al sa lang wei. Om moarn net herkend te wurden hat er syn snor der ôfdien.

Seleksjes sneon
Wy hawwe alle seleksjes(behalve SDS 4…) foar sneon wer trochkrigen fan de leiders. Fanmiddei kinne jim hjir lêze wa ’t mei welk team fuotbalje mei.