Wepperkes (tiisdeitejûn)

Wepperkes (moandei)
20 september 2004
Ynkommen stikken
22 september 2004

Ljochten
It like sa moai de nije ljochten op it trainingsfjild yn Wommels. Helaas dienen sy it fannejûn noch net. Neffens de ferhalen hienen sy juster net de goeie stekkers by it oanslúten fan ‘e lampen. Sy sille it moarn op ‘e nij probearje.

Oefenwedstriid SDS 1
SDS 1 hat fannejûn syn oefenwedstriid út tsjin Oeverzwaluwen mei 3-0 wûn. Robert, Skelte en Tsjipke hawwe de doelpunten makke. neffens ús bron hat Oeverzwaluwen gjin kâns hân.

Keepersprobleem falt mei
Bolswardia hat op dit moment in keepersprobleem. Sy tochten it oplost te hawwen troch de keeper fan SDS, Broer Wiebe de Ringh,oan it ein fan foarig seizoen
 oan te lûken. Sneon hie dizze allinne pech. Yn de wedstriid fan Bolswardia tsjin Skearnegoutum bruts hy syn kaak neffens de Ljouwerter Krante. Wichard Deinum hat juster kontakt mei Broer-Wiebe hân en it bliket dochs wat mei te fallen. De kaak wie swier kniest. Dochs moat hy 3 wiken rêst hâlde. Wy winskje Broer-Wiebe betterskip!

Ferslach SDS 1
SDS hat ek syn tredde wedstriid wûn al gie it wat dreger as de earste twa wedstriden. Klik
hjir foar it ferslach.

De nije Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer wer út. Hawwe jimme noch wat mail dit dan foar sneon nei
deTreffer@vv-sds.nl

SDS Fanshop
SDS hat fan alles te keap, sa as in SDS-tas, SDS-sjaal, SDS-horloge, SDS-jubileumboek en in foto fan SDS 1. Sjoch dêrom ek ris yn de “SDS Fanshop” (Jimme kinne
hjir ek klikke). Altiten aardich om soks ien op de jierdei te jaan. Ús reporter H.E. út Spannum fûn noch hiele oare SDS-artikelen op it ynternet. Sjoch hjir en dêr mar ris.

Ferrassing?
De nije stân fan de SDS League is sa goed as klear. Hy moat allinne noch efkes goed kontroleare wurde. De nije nûmer 1 is namelijk noch al in ferrassing en dat kin hast net kloppe. De nûmer lêst is hielendal gjin ferrassing, dus it koe ek noch wolris kloppe kinne. Hy komt woansdei op de side.