Wepperkes (moandei)

Wepperkes (snein)
19 september 2004
Wepperkes (tiisdeitejûn)
21 september 2004

SDS 2 pakt 2 punten te min
SDS 2 spile sneon mei 1-1 lyk tsjin De Weide. De goal foar SDS 2 foel pas inkelde minuten foar tiid. Dochs hie SDS winne moaten. Klik
hjir foar it ferslach. Sjoch ûnder “Senioren“, “SDS 2″ foar de nije teamfoto.

Ferslagen
Wy hoopje hjoed mear ferslagen binnen te krijen. Mail se nei
info@vv-sds.nl.

Moaiste goal
By SDS dit wykein wer genôch goals. Der wiene moaie en minder moaie goals. De moaiste goal wie net fan in SDS’er . Dizze waard makke yn Spanje. Sjoch
hjir en oordeel sels.

Ljocht yn Wommels
De fergunning foar de ljochten op it fuotbalfjild yn Wommels is binnen en ôfrûne sneon binne de masten lyk pleatst. De minsken fan de Skoalleseize hawwe hjir in soad tiid ynstutsen. Hjirfoar tige tank. Hjir de foto’s.

Sa kreas as wat.

De mannen fan de Skoalleseize hawwe it der noch efkes oer.

De auto’s hoefe no net mear om it fjild om it fjild te ferljochtsjen.

Stand LC-Coach
Yn de stân fan LC-Coach feroaret noch net in soad.

Positie Coachnaam Team Woonplaats Totaal 
1 Willem W Hey Ho Let’s Go Wommels 179
2 Gearard Posthumus FC Wommels Wommels 170
3 Markie FC Sabetocht Wommels 165
4 Peter Rutger United Easterein 160
5 Johan delfsma Forza heerenveen wommels 147
6 Bundy Married with footbal Wommels 129
7 Ruurd Boorsma VV ’t Maximale Bolsward 128
8 sponsors bedankt sds in de linker rij Easterein 117
9 Sibe Skrokkers Wommels 114
10 Mr de Jong SDS kampioene easterein 97

SDS League
As alles goed giet dan kinne jimme de nije stân fan de SDS League moarn hjir besjen.

Doelpunten SDS
Klaas Pompstra hâldt foar SDS altiten alle goals by en makket hjir in moai grafykje fan. Jimme kinne dizze fine ûnder “De Treffer” en dan “Doelpunten SDS”. Jimme kinne
hjir ek klikke.

Oefenwedstriid
SDS 1 hat moarntejûn in oefenwedstriid. Sy fuotbalje yn Koudum tsjin 3eKlasser Oeverzwaluwen.