Wepperkes tiisdei wat letter

Archief
30 maart 2004
SDS League: De ideale elf
31 maart 2004

Kampioen?

Der binne minsken dy twifelje at SDS 1 noch wol kampioen wurde sil. Wat is de oarsaak fan dit ferfal fan de lêste twa wiken. Der binne mieningen genôch en wy soene der in side mei fulle kinne wat foar redenen der oanjûn wurde dat it net goed giet.

Wy tinke lykwols dat it no oer is. Want it is fansels tafal mar de flagge hat no twa sneonen healstok hongen en dat hat net goed west. Derom hawwe wy der wol betrouwen yn dat it goed komt. De doven binne der net alhiel wist fan Sy freegje harren ôf:

wurdt SDS kampioen

SDS 5 en in raar ferrin fan de kompetysje.

It komt de lêste wiken foar dat SDS 5 spilers (meast nochal wat op leeftyd) de fraach steld wurdt at se noch wol op fuotbal sitte. Dat komt omdat SDS 5 net folle yn Easterein fuotballet.

De kommende 3 wedstriden spilet SDS 5 ek wer út. Sûwald, OuweSyl en Frjentsjer kinne harre mar klearmeitsje. Dêrnei binne der noch 7 wedstriden, wêrfan 6 thús. De lêste wedstriid soe wolris yn Blija wêze kinne. De klup dy’t bekind stiet om syn gesellige kantine.

De opstelling en ynternet.

Sa’t jim yn de Ljouwerter Krante lêze sjocht Jacob Klaas Haitsma regelmjittich efkes op ynternet. Sa wit er tenminste mei hokker alvetal hy fuotbalje moat. Hoewol der earst wol wat krityk fan lieder Anne Brouwer is op dit systeem, hat in goed peatear dizze wike holpen om it misferstân út de wrâld te helpen. Brouwer hat no tasein dat hy it nut fan ynternet no ek ynsjocht. Anne Brouwer giet sels in stapke fierder; hy sil ús woansdeitejûn let de nammen al trochjaan sadat elkenien tongersdeitemoarn betiid al lêze kin yn hokker alvetal hy sneon fuotballet. Wy binne hjir tige bliid mei en begjinne dizze wike mei dy nije opset.