Wepperkes -tiisdei wat letter-

Wichards analyse
12 oktober 2004
Wepperkes -woansdei-
13 oktober 2004

Trainen SDS 2
Fannejûn wienen der mar 7 spilers by de B-seleksje te trainen. Doe ’t Gerlof Veldstra ek noch útfoel mei in ankelblessure wienen der sels noch mar 6. Om der foar te soargjen dat der tongersdei wat mear minsken komme wurdt der wat earder traint. De training fan de B-seleksje begjint tongersdei om 19.00 oere. Dan kinne je nei de tiid noch moai efkes nei de kantine(?!).

Jierdei
Al jierren fuotballet hy as jong broekie tusken de feteranen. Earst yn SDS 5 en no yn SDS 4. Hy wol der ek sa graach by heare.  Dan kin helaas noch net. Want by bekerwedstriden moatte se him thúslitte, want je moatte wol 35 wêze.  Wêr’t in oar in âlde kop begjint te krijen wurket it by him krekt oarsom. Hy begjint er hieltyd jonger út te sjen. Mar woansdei 13 oktober set er dochs in wichtich stapke nei it feteraanskip. Hy wurdt 30 jier. Wy binne benijd at SDS 4 foar him ek in fersykplaatsje oanfrege hat. Harkje dêrom kommende sneon nei it fersykplaten programma tusken 11.00 en 12.00 oere.

 

Lifte

De liftploech fan Wommels en omkriten is al wer drok oan de gong mei de tarissingen foar de striid op 1 jannewaris 2005. Dizze keare moatte de dames en hearen nei Gotenborg yn Sweden lifte. It is no al bekind dat der in oantal SDS-spilers meidogge. Opfallende namme op it listje is Durk Yde Sjaarda. Ek Sjoerd en Jan lykje wer mei te dwaan. Wy hawwe it oanbod wer dien om de striid live te ferslaan op www.vv-sds.nl . It liket er op dat dit trochgiet. Fansels heare jim ynkoarten mear.

 

Kwis
Foar de foarrondes fan de kwis binne al in oantal kandidaten bekind.
Mark Postma en Durk de Jong, wolle de jongste generaasje fertsjintwurdigje.

Lyckle Bleekveld en Klaas Okkema tinke de trainersstêf goed te fertsjintwurdigjen.

Durk Yde Sjaarda , Anne Stenekes, Jappie Wijnia, Appie Poshumus en  Lolke Hofstra tinke ek in serieuze goai dwaan te kinnen om yn de finale te kommen.

Op himsels binne dit al 9, wylst wy noch in oantal kandidaten op de list stean hiene. Wy wachtsje 14 oktober noch efkes ôf en sille dêrnei oerlizze en yndiele. Fragensteller Fred Scheltema giet spesjaal nei Mallorca ta om de fragen yn folsleine stilte op te stellen. Kans is wol grut dat er in protte fragen oer de Spaanske kompetysje ynsitte.

 

Meinte Sixmatoernooi
Juster joegen wy al oan dat dit jeugdtoernooi kommende sneon is. Wy krije krekt troch dat it om 9.00 oere begjint en dat jim oant 11.30 oere de nije talinten fan SDS besjen kinne. Heiten, memmen, pake, beppes, buorlju en alle oaren dy’t net opneamd binne, binne fan herte wolkom.