Evenementen in november 2022

Winterstop-programma SDS 1
19 december 2005
Fan Huntelaar oan ’t Tichelman.
20 december 2005

Nije foto’s
Wij besykje fan alle spilers fan SDS in foto op ús hiemside te krijen. Soms moatte de foto’s ferfongen wurde, omdat it net allegear mear sa jong en moai liket as it wurklik is. Wij binne mar begûn mei SDS 4. Sij steane der no allegear wer fris en fleurich op en lykje wer in stik jonger. Op Douwe Kool nei. Hij is net te finen tusken al dy krystbeammen. Sjoch bij senioren SDS 4 foar de nije kykjes.

It fraachje
It wykein stelden wij de fraach oer de efternammen fan de sc Heerenveen spilers fan 1981 (sjoch bij weppers snein). De topper op dit momint stiet op 12. Wij witte dat er noch in pear oan it sykjen binne en jouwe de oplossing tongersdei. Wa’t net type kin mei de oplossing ek troch belje nei Aant.

It fraachje(2)
Wy hawwe krekt in mailtsje krigen út Opeinde dy ’t hiel fier komt yn de rjochting fan it goeie antwurd. Johan Feddema hat 17 efternamme fû. Ek Jan de Jong, dy’t net foar neat finalist wurden is, komt op 17 nammen. Lolke Hofstra koe út de holle 12 fine, mei help fan in boek kaam ek hij op 17. Piet van Gorkum út Snits kaam op 16 út mar hij is noch oan it sykjen.  It giet om Ulbe, liket ús sa ta. 

Úttraapje
Remco Brouwer is al tiden drok mei it oefenjen op syn úttraap. Dit moat better fynt hy sels. Dit is allinne net de bedoeling(klik hjir).

Letter mear!