Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
27 november 2005
SDS League: Tom, Pieter and the H. pakke op ‘e nij wykpriis!
29 november 2005

In Kraaker
It 1e futsalteam fan SDS spilet moarntejûn thús om 20.30 oere tsjin koprinner Exstador. Út waard dizze wedstriid mar krekt ferlern. De wedstriid wurdt floten troch dhr. Kraak út Âldegea.

Futsal
SDS 2 is dizze wike frij. SDS 3 moat woansdeitejûn yn Snits tsjin WZS 6.

Wat ûngelokkich(1)

Niels Koster (A2) is yn de earste wedstryd grof ûnderút helle en hat noch steeds lêst fan syn ankel. Hy hat it al wer es besocht mar moast toen nei 10 min. der alwer mei ophâlde. Fan ‘e wike sil er foar foto’s en de fysio besykje.
It wurdt in toer at er nei de winterstop drekt wer los kin.

Wat ûngelokkich(2)
Martin Overal hâldt op fan fuotbaljen. De lêste tiid wie der al net folle mear yn ’t spier op it fuotbalfjild y.f.m. in hernia. Hy is hjir foarige wike oan holpen mar sjocht it net sitten om wer te fuotbaljen. Hy hat syn lidmaatkap opsein mar lit witte graach troch te wollen as donateur. Wy hoopje dat hy snel wer opknapt.

SDS League
Letter hjoed de nije stân fan de SDS League. De wykpriis is alwer foar ………..

George Best 1946-2005
In 1969 I gave up women and alcohol – it was the worst 20 minutes of my life.
George Best – ever the joker.


Letter mear!