Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
28 augustus 2005
Wepperkes -woansdei-
31 augustus 2005

B1- Bekerje
At it goed is, hat SDS B1 moandeitejûn fuotballe tsjin Sneek WitZwart B1. Wy binne tige benijd nei de útslach en de bysûnderheden.
Maile dus.

SDS1 oefent
SDS 1 hat foar it earst yn de oefenperiode wûn. Tsjin SSS út Marssum waard mei 3-1 wûn. De doelpunten foar SDS waarden makke troch Skelte, Henk en……………Jacob-Klaas. Dit is in aardige opstekker foar de 1e kompetysjewedstriid sneon tsjin HZVV.

SDS 2 bekert
SDS 2 hat fannejûn mei 0-0 lykspile yn en tsjin Makkum. Kansen wienen der wol foar SDS, mar de bal woe der net yn. No sneon mar wer sjen mei de 2e wedstriid foar de beker thús tsjin Oeverzwaluwen om 12.15 oere.

A1 bekert
Yn Boalsert binne de A-1 junioren oan de gong. Wy witte wol seker dat  sij ús de útslach en de bysûnderheden trochjouwe

Moai affysje
Kommende sneon begjint foar SDS de kompetsyje. Dat levert fuort al in aardich affysje op.

Teambuilding
F2 giet dit jier foar de titel. De lieder en trainers binne dwaande der in echt team fan te meitsjen.
Sy jouwe sels
it foarbyld.

F2 op de foto
De spilers fan F2 binne al drok oan it trainen west. Nei ôfrin hiene se noch krekt wat puf om efkes op de foto te kommen. Sjoch bij it kopke junioren F2  en meitsje kennis mei de stoere boys fan F2. Mochten jim konstateare dat de nammen bij de foto’s net goed binne dan heare wij it graach. Se lykje ek sa op elkoar!!!

E3 op de foto
Ek de jonges fan E3 binne op de foto set. Dy foto’s kinne jim letter dizze wike besjen.