Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
30 augustus 2005
SDS C1 wint spektakulaire wedstryd
31 augustus 2005

SDS F1 – Makkum F1
Helaas ferlear SDS dizze wedstryd mei 1-2.
 
Ek de tredde wedstriid van SDS A1 wurd ferlern.
J.V. Bolsward wie justerjûn te sterk foar SDS A1. De Boalserters wûnen mei 4-1. 
Nei in kwartier spyljen iepent Pytrik de score op aanjaan fan Paul (in perfecte counter).
De Bolserters sette hjir neat tsjinoer, de reststan is dan ek 0-1. 
De twadde helte begjinne we slap en de mannen út Bolswert dogge der in skepke boppe op.
Nei in oantal persoanlyke fouten, kondysje gebrek en it fuort fallen fan’e organisaasje jouwe we de wedstiird út hannen. It wurd uteinlyk 4-1 (in terechte nederlaach).
Moarn noch in extra training, sneon en tiisdei noch in bekerwedstriid en dan moatte we der stean.
Klaas en Marco

SDS B1 ferliest ek
SDS B1 spile juster tsjin WZS. De webmaster fan WZS makke ús der op attent dat der op harren webside in ferslach fan de wedstriid te lêzen is. Wy begripe no ek wol werom wij noch neat heard hiene. Sjoch dus gau op
www.vvwzs.nl.

Futsal
It sealfuotbaljen giet jûn ek wer los. SDS 1 moat foar de beker nei FC Leeuwarden, SDS nei WZS yn Snits en SDS 3 moat thús tsjin VV Heerenveen 4 om 22.00 oere yn de Greidhoeke yn Easterein. Wy binne benijd nei de útslaggen.
Maile dus!
 
 
Syszeling-starttoernoai 
Kommende sneon 3 septimber is foar E- en F-pupillen it Syszeling starttoernooi.
Tiid: 13.00 -15.00 oere
Lokaasje: nije trainingsfjild.

Sponsers fan de wedstryd
Sneon spilet SDS foar de 1ste kear in wedstryd yn de earste klasse. Der binne twa wedstrydsponsoren. Slachterij Lolke Bouma yn Easterein en Bou-plus út Wommels. Helass hawwe beide bedriuwen gjin webside oars makken wy fansels efkes in linkje.

Nije trainingspakken
Kommende sneon is SDS 2 foar de earste kear te sjen yn de nije trainingspakken fan Allicht út Snits. Nije wike hawwe wij dêr kykjes fan.

Blessure
Earst mei de rjochter inkel lange tiid oan de kant en no mei de knibbel bûten spul. It falt net mei om boppe de 50 blessurefrij te bliuwen. Ien gelok : de webside hat er net ûnder te lijen.

Nijs
Hawwe jim noch wat te melden: Maile kin fansels altiten.