Wepperkes -moandei-

SDS 3 wint earste oefenwedstriid.
28 augustus 2005
Wepperkes -tiisdei-
30 augustus 2005

In jonkje
Harm en Ineke Stremler hawwe tongersdei 25 augustus in jonkje krigen. De lytse jonge hyt Arjen Gerrit. Fan herte lokwinske!!

Drokke beker wike
De kompetysje mei dan wol sneon of nije wike sneon begjinne, it is foar in protte ploegen de beker wike.
Moandei, tiisdei en woansdei geane alle standertalvetallen los. Ek de futsalteams sette útein.
Foar it folseine programma sjoch by agenda

Utslaggen
Wy soene it tige, tige op priis stelle dat wij de útslaggen mei mooglik wat koarte tekst en de doelpuntenmakkers trochkrije fia de mail. Ek aardichheidsjes dy’t it fermelden wurdich binne, kinne dêr bij. Maile kin nei
info@vv-sds.nl .

Gjin wetter
Wy hawwe begrepen dat er snein hast de hiele dei gjin wetter út de kraan kaam yn it grut part fan Easterein. It duorre wol hiel lang foardat er wer kofje setten wurde koe, it húske trochlutsen wurde koe en der in brûs nommen wurde koe.  Vitens man Tjeerd Dijkstra hie der gjin lêst fan, hij is op fakansje.
Grutte kâns dat men yn Easterein al betiid in oar
drankje nommen hat om útdroeging foar te kommen.

Foto’s
Hjirûnder sjogge jim Jan Klaas Faber. Hy is leider fan E4. Wy krigen dizze foto fan him.

Sa sykje wy noch in hiel soad foto’s fan spilers, trainers en leiders. Hawwe jim noch in moaie foto lizzen mail dy dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Net best
Dat der safolle supporters op de trainingen fan SDS 1 ôfkomme is net sa gek. Wat minder is dat der noch wolris ien rekke wurd(klik hjir).

3 jier alwer
Tom is hjoed 3 jier wurden. Klik hjir om him lok te winskjen.
 
Safolle???????????