Wepperkes -tiisdei-

Beker-yndielingen
1 augustus 2005
Nije SDS-sokken.
2 augustus 2005

Futsalbeker
Fansels komme ek de futsallers dit seizoen wer út yn de beker. Hjir de tsjinstanners:
SDS 1 moat tsjin Futsal Club Leeuwarden 2
SDS 2 moat tsjin WZS 3
SDS 3 moat tsjin Heerenveen 4

It is ús noch net dúdlik wannear ’t dizze wedstriden spile wurde en welke ploegen thús spylje.

Oefenwedstryd
Kommende sneon oefent SDS 1 tsjin Blauw Wit. Dizze wedstryd wurdt sa as altyd yn Easterein spile. It begjint om 18.00 oere.

Lotsjen (1)
Fourt nei dizze oefenwedstryd kinne de keatsleafhawwers nei it Reade Hynder om de lotting by te wenjen fan de Freule. Dat begjint om 20.00 oere.

Lotsjen (2)
Foar de PC is al lotte. Us en jim grutte freon Jacob Klaas Haitsma is partoer 8. Mei Jehannes Dijkstra en Gerrit Flisijn sille sy besykje it troch MCL Noord sponserde blessuregefoelige team fan Klaas, Dirk-Jan en Auke te ferslaan. Yn de twadde omloop moatte se tsjin in earste klas partoer. Yn de heale finale treffe se de totaal útkeatste Chris, Jacob en Rutmer en de finale tsjin Johan, Herman en Cornelis winne se op sloffen. It is feest yn Wommels en Easterein.
Tinke jim dat it oars giet dan heare wy it graach.
info@vv-sds.nl

Fermist
Rienk Wiersma docht ús de fraach ta kommen wa’t wit wêr’t de ballenpomper bleaun is dy’t ferline jier yn Wommels brûkt. Graach in reaksje.

Lêste oefenwedstryd
Moandei tejûn wie de lêste oefenwedstryd dy’t de Wommelsers ôfwurken op it fjild yn Wommels.
Ek in oantal oare SDS spilers út Hinnaard en Easterein wiene oanwêzich omdat sy wol yn de gaten hawwe dat se mei in flinke efterstân begjinne.

Krekt foar dat Dirk Yde it fjild op kaam belle hy noch efkes mei in Skotse freondinne

De warming up wurdt ûntspannen ôfwurke. Jan lûkt noch efkes oan syn peuk, Henk hat de bal al fêst mar oppakt, Mark leit it hier noch efkes yn de krullen en Willem moat syn hannen noch útpakke.
It wie swart dy ’t dizze spannende wedstriid úteinlik fertsjinne wûn hat en naam hjirmei revanche op de ûnterjochte ferliespartij fan in wike earder.

It moat net mâller!
Wat my fannewike oerkaam yn de parkeargaraazje op it Zaailân?(klik hjir)