Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
23 mei 2005
Mei SDS 2 nei Erica!!!
25 mei 2005

Lytse Gjelt Baantjer
Juster melden wy al dat Piet Kempe, alias Baantjer, en syn frou Hilda fan ‘e wike heit en mem wurden fan in soan. Hjoed kinne wy jim syn namme jaan: Gjelt. Fan herte lokwinske!! Klik hjir om hun ek lok te winskjen.

Scoute
SDS 3 is mei de holle al hielendal by folgend seizoen. It kampioenskip smakket nei mear. Sy wolle folgend seizoen dan ek lyk wer in goai nei de titel dwaan. Sy fine al dat sy dan wat fersterkingen noadich binne. Wichard Deinum hat al tekene en SDS 3 is drok dwaande om Gerrit Terpstra fan SDS 2 oan him te binen. De scouts fan SDS 3 sjogge net allinne binnen SDS nei “nije” spilers. Op de webside fan Workum 3 is te sjen dat 2 scouts fan SDS 3 by de wedstriid Workum 3-ONS 3 op syk wienen nei nije spilers. It is net dúdlik nei wat foar type sy op syk binne. 
(Klik
hjir foar de geweldige webside fan Workum 3.)

De 2 scouts fan SDS 3.

“SDS’er” om utens
Foarige wike stie der yn de Voetbal International in artikel oer Nederlânse fuotbaltrainers om utens. Je tinke dan lyk oan mannen as Frank Rijkaard yn Spanje, Leo Beenhakker op Trinidad en Hans Westerhof yn Mexico. Dochs bliket it dat der noch folle mear trainers út Nederlân yn it bûtenlân sitte. Doe wy it listje is goed beseagen kamen wy sels in âld-SDS-trainer tsjin. Eddy van Schaick hat sa ’n 12 jier werom in skoftke trainer west fan de A-junioaren fan SDS. Neidat hy by SDS west hat gie hy nei Amerika. Dêr hat hy 10 jier west. Ynmiddels sit hy yn Qatar(dêr wêr ’t Frank en Ronald de Boer ek sitte). Hy traint dêr All Sadd- ûnder de 15 jier. Yn it artikel yn de VI jout hy oan dat hy yn Qatar al de geur fan it gêrs en it geouwehoer foar en nei in wedstriid mist. De temperatuur yn Qatar makket foar him in soad goed. Hy komt allinne foar famyljebesykjes werom nei Nederlân. Miskien hat hy dan nochris tiid om efkes by SDS oer fuotbal te ouwehoeren.
Wy winskje Eddy alle goeds ta dêr yn Qatar!

It ferkear is al wat oars regele as by ús.
(P.s. Marco bedankt foar de tip)

K…seizoen!!
Net alle klups hawwe krekt sa ’n superseizoen hân as SDS 1. Sa hie NAC yn de eredivisie net echt in geweldich seizoen. Sy waarden 15e en de supporters wienen net best te sprekken. Dat wie dúdlik te sjen oan in spandoek wat snein yn it stadion by NAC hong. It is foar Nijlân 1 net te hopen dat sy oer 2 wedstriden dit spandoek ek te sjen krije(klik hjir).

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl.