Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
21 mei 2005
Wepperkes -tiisdei-
24 mei 2005

SDS 3 Kampioene!!
Eindliks wer ris in echte kampioensfoto. Mei dank oan Jeroen Wagenaar.


Pieter, Sjoerd, Jan, Anco, Obed, Syb, Arnold, Auke, Jentje, Jeroen en Friso
Wouter(mei dochter), Ronny, Jappie, Liuwe, Hampie en Douwe.

In lytse Baantjer!!
Oan ‘e Wynserdyk yn Easterein hong by it hûs fan Piet Kempe, alias Piet Baantjer, de flagge út. Hjir hongen blaue ballonnen oan. Wy geane der dan ek fanút dat der in “lytse Baantjer” berne is. De namme is ús noch net bekend. Soe it miskien Cock wêze? 
De kollega’s fan Piet hawwe al in geskikt kado útsocht.


Hammerfall Rules
Yn de SDS League is jim fêst wolris de namme opfallen fan Hammerfall City. Dit team is fan Akke Jansen-De Jong. Sy docht lykas har freon Ron wol mear mei oan spultsjes as de SDS League. Yn de SDS League dogge sy it beide ek net gek(Ron 3e en Akke 16e). Op
www.voetbalpoules.nl hawwe sy tegeare ek meidien oan in grutte voetbalpoule. Akke is dêr ek noch as winner út de bus kommen. De priis is in reis foar 2 persoanen nei Griekenlân foar 8 dagen en fansels de winst op har man Ron. Hjir syn reaksje:
Verslagen door mijn eigen vrouw.Dit moet ik nog tijden aanhoren.Hopenlijk neemt ze me wel mee naar Griekenland .
Maar proficiat meid.

Klik
hjir foar de einstân op Voetbalpoules.nl.  

VV Tzum 25 jier(2)
Sa as wy juster al melden bestiet VV Tzum binnenkoart 25 jier. Sy fiere dit mei û.o. in wedstriid fan VV Tzum tsjin âld-SC Heerenveen. Dizze wedstriid wurd sneon 4 juny spile. De tiid wie ús noch net bekend mar wy krigen hjoed in mailtsje fan Tjeerd Idsenga. De wedstriid begjint om 17.30 oere. By âld-SC Heerenveen dogge yn elts gafal Pieter Bijl, Johan Hansma, Gert-Jan Verbeek, Eddy Bosman en Rene Groen mei.

Soe Kees Kist ek meidwaan?

Keatsen
Sneon waard der keatst troch de skoaljonges yn Easterein. Klik hjir foar it ferslach en in bedankje oan SDS op de webside fan de KF Easterein.

Nijs?
Is der nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl