Mei SDS 2 nei Erica!!!

Wepperkes -tiisdei-
24 mei 2005
SDS League: November Rain pakt de titel!
25 mei 2005

Hjir it hiele programma foar de bekerfinaleronde fan SDS 2 kommende sneon yn Erica(Drinte).

9.45 oere    De bus fertrekt út Easterein.
11.45 oere   Oankomst yn Erica
12.00 oere   Lotting
14.00 oere   Earste wedstriid SDS 2
16.15 oere   Finale of spylje om it 3e of 4e plak.
17.00 oere   Priisútrikking.

It soe moai wêze as der ek wat supporters meigean nei Erica. Der kinne inkelde minsken mei yn ‘e bus. It kostet €10,- per persoan. De bus fertrekt op sneon 28 maaie om 9.45 oere.

Graach opjaan by:

*Klaas Okkema 0515-332221 of
*Willem Overal 0515-333486
of mail nei
info@vv-sds.nl


De wedstriden duorje 2×20 minuten. By de reserveteams giet it tusken de folgende ploegen:
*ACV 2 (hoofklasse sneon, 7e plak eindige)
*vv SDS 2 (1e klas sneon, 8e plak eindige)
*Germanicus 2 (hoofdklasse snein, 3e plak eindige)
*FC Wolvega 2 (hoofdklasse snein, 10e plak einige)

Sa hellen sy de finaleronde:
Urk 2                   –    ACV 2          1-3   (ferslach)
LTC 2                  –   vv SDS 2       2-4   (
ferslach)   
Heerenveen 2        –    Wolvega FC 2-3    (ferslach)
Germanicus 2        –     SVBO 2       2-2    (ferslach)
(Germanicus wint na strafschoppen met 5-4)

Op itselde compleks yn Erica wurde ek de bekerfinalerondes spile fan de feteranen en de froulju.

Klik
hjir foar de webside fan SC Erica dy ’t miskien binnenkoart ek wat ynformaasje jout

Ruurd Boorsma en Henk Postma fan SDS 2 binne beide skorst foar de finale. Ruurd krige, foar syn reade kaart tsjin Noordscheschut, 2 wedstriden skorsing en
Henk 4 foar syn akkefytsje mei de skiedsrjochter.

SDS 2 sil tongersdei noch efkes traine fan 19.00 oan’t 20.00 oere.