Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
6 februari 2005
Wepperkes -tiisdei-
8 februari 2005

Wat sizze sy dêr?

Sneon rekke by SDS-ONT de skiedsrjochter blesseare. Sa as jimme sjogge steane de spilers fan SDS allegear om him hinne nei dat dit barde. Wat sizze sy dêr allegear? Probearje sy him om te keapjen? Wat tinke jimme? Mail it nei info@vv-sds.nl!

Greidhoeke-toernoai foar F’kes
Sneon waarden de finales fan it Greidhoeke-toernoai hâlden foar de F-pupillen. De útslagen binne noch net by ús bekend. Wol kinne jimme hjir moarn foto’s fan dit toernoai besjen.

Beker SDS 2
Noch altiten witte wy net hoefolle clubs der noch by SDS 2 yn ‘e beker sitte. Wy komme oan ’t no ta op 8. Dochs moat it hast sa wêze dat der noch 16 clubs oer binne. Ruurd Boorsma kaam mei in goed punt; “dit binne 8 sneon-teams, dus der sille ek noch wol 8 snein-teams yn ‘e beker sitte”. Dat is net gek betocht en dan komme wy dochs wer op 16 út. Wy witte allinne noch altiten net welke oare clubs dit allegear binne.

SDS C1 wint ferrassend fan B2
Sneon oefenen de teams fan SDS C1 en SDS B2 tsjin elkoar. SDS C1 gie ferrassend mei in 5-4 oerwinning nei hûs. Klaas Pompstra hat der snein noch hiel wat wurk fan makke. Klik hjir foar syn ferslach.

Fred
Freddie Scheltema hat it wykein fan syn libben hân. Hy hat op Anfield Road west by Liverpool-Fulham. Hy seach Liverpool mei 3-1 winnen en hie in ûnferjitlike dei. Moaie bykomsticheid wie dat hy foar de wedstriid gokt hie op de einútslach. Fansels hie hy 3-1 ynfuld en gie hy ek noch nei hûs mei 50 Ingelske Pûnen. Of soenen dy yn de Fanshop bedarre wêze??

Sicco
Ien fan ús jongste meiwurkers is Sicco Scheltema. Us fraach om sjurtsjes mei nammen oan te leverjen , soarge der foar dat hy al entoesjast reagearde. Dizze wike sille wy by him sjen hokker sjurtsjes hy hat en welke nammen der op steane.

Mar Sicco frege him just ôf wa’t in sjurtsje hat mei syn namme efterop. Tja, dêr hiene wy fansels net oantocht.

En dy Sicco hat net folle lêst fan falske beskiedenheid.


B1 op foto yn Boalsert
Rienk Wiersma wie sneon ek efkes by de topper jv Bolsward B1- SDS B1. It wie ferskuorrend spannend sadat hy fergeat dat er in fototastel mei hie. Gelokkich dochs noch
in moaie foto.

Bybaantsje
Jim wisten it fêst noch net mar Willem hat er sûnt koart in baantsjes by. Hy is sûnt koart ynsprekker op in ynternet side. Sjoch hjir, typ in tekst yn en lit it Willem yn it nederlânsk oersette.