Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
16 april 2007
SDS League: Knikkerboys pakke de wykpriis!
17 april 2007

De bus is fol
Dirk Yde Sjaarda docht ús it goeie berjocht dat de bus foar snein, ûndanks de wat mindere resultaten fan Feyenoord, fol is. Wij binne bliid foar dy 33 oare minsken dat er in bussjoffeur him oanmeld hat: Stoffel. Hij nimt syn strippekaartenstimpel en riidbewiis lykwols net mei.
Dirk Yde besiket de fleur der noch wat yn te hâlden en tipt ús foar in filmke oer Feyenoord, mei de titel:
Feyenoord yn bettere tiden . Wij hawwe it stof der al ôfhelle.

De bus

De reis nei Rotterdam giet yn in hiele spesjale bus. It is de bedoeling dat de Feyenoord supporters fit oan komme yn Rotterdam en dêrom binne der wat fytsen ynstalleard. Dus net lui yn in Royal Class stoel omhingje of pokerje mar bewege.
Sa te sjen moat de ienige lisfytsende SDS-er wynbrekke.

SDS E3 yn aksje
E3 sil woansdeitejûn oantrede foar de kompetysje. Sy spylje yn Ljouwert tsjin Rood Geel

De ienige kampioen?
It liket er net op dat er dit seizoen in soad kampioenen bij SDS wêze sille. Om dochs tsjûge fan in kampioenswedstryd te wêzen, moatte jim woansdeitejûn allegear nei de sporthal komme. Want SDS 2 futsal kin dan kampioen wurde. It begjin om 21.00 oere. Sy spylje dan tsjin ZVH 2.

Skoallefuotbal
Op woansdei 25 april is it skoallefuotbaltoernooi yn Easterein. Tusken 13.30 en 17.15 binne der wat skiedsrjochters nedich. Wa’t dizze middei efkes fluitsje wol, kin him melde bij
Syb Overal.
In diel fan de middei kin fansels ek.

SDS League
Om in oer as 16.00 kinne jim hjir de nije stân besjen.

Barcelona
Barcelona moast ôfrûne snein thús tsjin Real Mallorca. It waard in spannende pot dy ’t Barcelona mar krekt wûn mei 1-0. Hoe dreech as Barcelona it wol net hie, heare jim fan ‘e wike wol fan Wichard, Aukje, Jappie of Janna. Sy sieten yn it Nou Camp snein. En oars kinne jim it Wilma of Karin Sjaarda wol freegje, want dy wienen der ek.

Neiprate
Wa ’t kommende snein nei de wedstryd neiprate wol mei de spilers fan Feyenoord moat efter oanslúte yn de rij en op eigen gelegenheid wer nei hûs…….
 

Hoe kom je deroan?
By SDS krige Harm Stremler foarich jier lêst fan de knibbel by it lizzen fan in houten flier en fuotballe hast in jier net. Yn Sweden is der in âld-Ajacied dy ’t ek op de nuverste manieren oan syn blessures komt(klik
hjir).