Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
14 april 2007
Wepperkes -tiisdei-
16 april 2007

Striid
Eindelijk krigen wy wer ris in wedstrydferslach fan SDS 2. Sy stride foar it behâld yn de 1e-Klasse. Ôfrûne sneon spilen sy thús tsjin HZVV. Remco Bervoets is yn ‘e penne klommen en dit is wat hy fan de wedstryd fûn: klik
hjir.

Dreech
Ek SDS B1 hat it dreech yn de 1e-Klasse. Hjir it relaas fan Klaas Pompstra: We kinne it mar net foar inoar krije om wer ris te winnen as yn elts gefal doelpunten te meitsjen. Hjoed wie wol wer hiel wreed. It lef (opstelling 1-2-3-5) en doel (winne en dermei feilich!) wer we it fjild mei opgongen waard net beleanne. By winst wienen we feilich west yn dizze 1e klasse. No hinget it fan de lêste 2 wedstriden en konkurrinsje ôf. Klik hjir foar syn ferslach.

The Battle Returns!
Harm-Auke Dijkstra en Ank Kampman ha juster ‘The Battle Returns’ wun. Yn in tige spannende finale wiene se krekt te sterk foar Robert en Martina. De finale besloeg 15 minuten en dêryn koe it winnende koppel krekt wat mear punten meitsje.
Dit wie Harm-Auke syn kommintaar op de winst:
Robert en Martine zijn gisteren helaas voor hun tweede geeindigd, er kan natuulijk maar 1 koppel eerste worden!!! haha…..
groeten harm


Guenstich
Mei noch ien kompetysjeronde te gean kin SDS futsal 1 hast net mear degradere. Sels binne sy al in skoftke útfuotballe en dus ôfhinklijk fan de rissultaten fan de konkurrinsje. Oan ’t no ta binne dy útslagen guenstich. Dizze wike is de lêste kompetysjeronde. Klik hjir foar de stân.

Programma kommende wiken
SDS 1 en 2 moatte noch 2 kear fuotbalje en dan is it seizoen alwer dien. De measte oare teams fan SDS moatte noch wat faker. Klik hjir foar it hiele programma oan ’t en mei 19 maaie.

Wepperkes
Wy kinne de webside net fol krije sûnder jim help. Hjirûnder 2 wepperkes fan Dirk-Yde Sjaarda. Hawwe jim ek wat mail it nei ús!

SDS-Hyve
Nederlan is yn de ban fan Hyves. Om dit fenomeen kinne de minsken hast net hinne. No is der ek in SDS-hyve makke, wer’t eltse SDS-er harren oanmelde kinne (klik hjir).
 
Iisberen
Dizze aprés-skihit fan dit seizoen makket miskien wol in soad los by inkele SDS-wintersporters. Hey!!