SDS League: 2 wykpriiswinners dizze wike!

Wepperkes -moandei-
25 februari 2007
Wepperkes -tiisdei-
27 februari 2007

Klaas Dijkstra mei “Rob en Frank” stiet ek nei 2 wiken noch altiten boppe-oan.


S.D.I. fan Ids de Boer pakt tegear mei de Jelsmanian Devils(Jan Simon Jelsma) de wykpriis. Sy pakten beide 43 punten.

Johan Delfsma docht it knap mei syn team yn it Ljouwerter Krante-klassemint. Ek yn de SDS League stiet hy mei Royal Flush alwer op in 3e plak.

B.A.S. spilet op it heden mei 9 spilers(Alves(HEE) en Mendes(AZ) binne blesseard), mar hie it gelok dat Vorm(UTR) krekt op ‘e tiid wer fit wie. Hy pakte de “0” en soarge derfoar dat B.A.S. net ôfglide yn it klassemint. Hy sakke in bytsje fan 3 nei 4.

Skelte Anema hie it de ôfrûne wike te drok mei
biikebrennen, want syn team Racing Mantgum wie brânhout en sakke fan 7 nei 48.

Sibe de Seefûgel docht it mei syn team “Gjin Wynaaien” ek net sa best. Hy pakte dizze wike mar 10 “wynpunten” en sakket fan 24 nei 75.

Team Kooistra(Hans Kooistra) rjochtet him dizze 2e helte fan de kompetysje hielendal op it lêste plak. Hy docht yn dizze wike in “lytse” stap yn de goeie richting mei mar …..1 punt.

Sjoch hjir foar de nijste stân: klik
hjir.