Wepperkes – tiisdei –

Wepperkes -moandei-
20 december 2004
Âld-winners SDS-League
22 december 2004

Resultaten
No’t it wintertiid is, hawwe wy efkes de tiid om in tuskenbalâns op te meitsjen. Want nei in tige suksesfol foarich seizoen sil it mooglik allegear wat minder gean.

Op 3 desimber 2003 stie it der sa foar:
SDS 1         1ste (waarden kampioen)
SDS 2          1ste (waarden kampioen)
SDS 3          5de
SDS 4(no 5) 8ste
SDS 5(no 4) 1ste (waarden kampioen)
SDS A1        10 de (degradearden)
SDS B1         5 de
SDS B2         6de
Op dit momint stiet it der
sa foar.

Sealtoernooien
Wy wolle jim der opmerskum opmeitsje dat it net ferbean is om nijs ús de sealwedstriden nei ús ta te mailen. Wy woll alles graach witte. Utslaggen, ferslagjes, foto’s, oankundigingen (want wy witte soms ek net alles). Derom freegje wy mei namme de jeugd om dizze kommende trije wike ús te fersjen fan nijs.Wy hoopje dat lieders, trainers en âlders de jeugd oanspoare wol dit te dwaan.
Jeugd lit wat fan jim heare.
 

LC klassemint 
De Ljouwerter Krante hat dit jier ek in aardich spul om it fuotbaljen better mei te belibjen.  Sa’n 5000 spilers dogge der mei. Mark Postma is fan SDS de beste coach. Hy stiet op plak 420 mei 575 punten

De rest docht ek mei en hawwe wikseljend sukses.