Wepperkes -moandei-

Wepperkes – snein –
19 december 2004
Wepperkes – tiisdei –
21 december 2004

SDS 2 pakt de 1e periode!
Sneon doarden wy it noch net mei sekerheid te sizzen, mar no is it wol wis. SDS 2 hat sneon de 1e periode wûn yn de Reserve 1e Klasse. Leeuwarder Zwaluwen ferlear sneon mei 1-2 fan Noordscheschut en wie dêrmei gjin bedrieging mear foar SDS 2. SDS 2 waard sa 2e yn dizze periode. Urk 3 waard 1e mar kin gjin periode pakke om ’t Urk 2 al yn ‘e Haadklasse spilet en der net 2 ploegen fan deselde feriening yn ien klasse spylje meie. Dêrtroch is de 1e periode foar SDS 2!!

SDS 2 pakt de 1e periode net!
As wy it gastenboek fan VV De Weide lêze dan koe it wolris hiel oars komme mei de 1e periode fan SDS 2. Dizze giet gewoan nei Urk 3 en wurdt pas oan it ein fan ‘e kompetysje jûn oan de ploech dy ’t it heechste yn de stân stiet sûnder priis. Mocht Urk 2 degradearje dan bliuwt de periode gewoan yn hannen fan Urk 3.

Krysttoernoai Frentsjer
It 1e sealteam fan SDS hat him sneon goed sjen litten yn de poulewedstriden fan it Krysttoernoai yn Frentsjer. Sy bleaunen ûngeslagen(4 kear wûn en 1 kear lyk). De ploech wêr as Willem Wijnia foar spilet(Mesken Bouw) wûn 5 kear en ferlear 1 kear. Sy dogge dus beide mei om de earste plakken yn de poule. De rest fan de poulewedstriden en de finales wurde spile op twadde krystdei. De earste wedstriid(om 9.00 oere) sil dan wêze; SDS Rabo – Mesken Bouw!

Lykle is wer better.
De trainer fan SDS 1, Lykle Bleekveld, is wer wat opknapt nei goed twa wiken siik west te wêzen. Ek hy spile yn Frentsjer op it Krysttoernoai.

Bliuwt Lykle of net?
It is winterstop en dan komt de “trainerscarroussel” wer op gong. Lykle Bleekveld is no in heal jier trainer by SDS 1 en der wurdt no al sjoen as hy ek folgend seizoen by SDS trainer wêze sil. Der binne gesprekken west tusken him en it bestjoer fan SDS. Sy binne der noch net út wat sy no folgend seizoen sille. Wy hoopje jimme ynkoarten mear ynformaasje jaan te kinnen. 

Gjin sponsor mear
Sponsor komme en soms geane sy wer. Jieren hat Kooistra Supermarkt sponsor west fan SDS. Dit jier wie it foar it lêst(as JUMBO). Sy stopje mei de sponsoring fan SDS. Wy hawwe fernommen dat sy no al hun jild op Bolswardia sette.

Doelpunten
Klaas Pompstra hat wat mei doelpunten. Alle wiken makket hy de balans op fan it oantal doelpunten dat de SDS teams skore. By senioren kinne jim it komplete oersjoch sjen mei in oantal konkluuzjes.

 

C1
Ek mei troch Klaas Pompstra stean de ferrjochtingen fan SDS C1 regelmjittich yn de belangstelling. Ek at er gjin wedstriden binne, wit Klaas dochs noch in ferslach te meitsjen. In weromblik oer meinamme de trainingen.

 

C2
Fan C2 krije wy nea in wedstriidferslach. Dochs fuotbalje sy en traine sy. Harren trainer Klaas Pompstra kin oer dat trainen wol wat sizze. Dat docht hy dan ek. In kritysk “rapport”

 

Leeuwarden Zwaluwen
Ek by Leeuwarder Zwaluwen sjogge se sa’t it skynt sa no en dan op de side fan SDS. Net elkenien wurdt dêr bliid fan. In reaksje fan de persoan dy’t nei de moaie Fryske namme Andries harket seit dit der fan:

Niet normaal dat jullie een ander taal op je site hebben intergratie moeten jullie

Us kommintaar: better frysk as min nederlâns

 

100.000 besikers
Sommige dingen gean ûngemurken. Wy skreaunen yn oktober op dizze side dat it mooglik wêze moast om dit jier noch 100.000 besikers te krijen. Hast 14 dagen foar de ein fan it jier hawwe wy dat al berikt. Ofrûne sneon, goed twa jier neidat wy begûn binne mei dizze side hawwe wy de 100000 besikers te pakken