Wepperkes -moandei –

Wepperkes -snein-
12 december 2004
Wepperkes -tiisdei-
14 december 2004

Sjoukema stopt mei wurksumheden foar SDS
Sjoukema hat ús kenber makke dat hy om gezondheidsredenen net trochgean kin mei syn wurksumheden foar SDS. Hy seit it jieren mei in soad nocht dien te hawwen mar dat it no net mear giet. Hy sil fansels noch wol geregeld by SDS oan de kant te sjen wêze. Jammer genôch sjogge wy him al wat minder as oars. Wy woene Sjoukema hjirwei alfêst tige tank sizze foar alles wat hy dien hat foar SDS. Wy binne der wis fan dat in soad minsken by SDS him misse sille.
 
Sjoukema jout de piip oan Marten.

Besoarger fan ‘e Treffer kriget ûngelok
In slim ûngelok yn de omjouwing fan Reahûs hat der foar soarge dat de besoarger fan de klubblêden fan de fuotbalferiening SDS syn deistige wurksemheden by de gemeente Snits net dwaan kin. Oer de oarsaak fan it ûngelok bestiet nog ûndúdlikens. Tsjûgen miene sjûn te hawwen dat it ûngelokkige slachtoffer yn it moaie klubblêd oan it lêzen wie wertroch hy net mei syn folle ferstân by de dyk wie. Oaren hawwe ek heard dat hy syn syktedagen by de gemeente oer 2004 noch net opmakke hie, wêrtroch der nei alle gedachten opsetsin yn it spul is. Hawar hoe it ek bard is we winskje him fan dit plak ôf fan herte betterskip.

Dirk wer thús
Dirk de Jong meldt ús wer thús te wêzen út it siikehûs. Alles is goed ferrûn. De wond moat der neffens himsels no wat smakelijker útsjen as foar it wykein. Foar degene dy ’t it sjen wol mei gerêst efkes by Dirk lâns komme. Dit sil him fêst goed dwaan. Dirk syn herstel kin no echt begjinne.

It sjocht der no alwer wat better út.

Programma winterstop SDS 2
Foar SDS 2 stiet der sneon noch in bekerwedstriid op it programma. Sy moatte dan thús tsjin QVC. Trainer Klaas Okkema is ek al oan ‘e gong mei it programma yn en nei de winterstop. Foar de nijjiersresepsje op 8 jannewaris begjint, sil it 2e noch efkes wat dwaan. Sy begjinne dan mei in “bosloopje” yn Gaasterlân. Sjoch hjir foar it hiele programma.

1e periode?
Wy hawwe it alris earder melden. SDS 2 kin kommende sneon net allinne de lêste 16 fan ‘e beker helje, mar ek de 1e periodetitel. Leeuwarder Zwaluwen spilet sneon hun ynhelwedstriid tsjin Noordscheschut. As de Sweltsjes punten lizze litte dan is de 1e periode foar SDS 2.