Wepperkes -tiisdei –

Wepperkes -moandei-
6 december 2004
SDS League: Married with Football pakt wykpriis
9 december 2004

Rektifikaasje
Freed waard abusievelijk fermeld op dizze webside dat Jos Zonderland net oanwêzich wie by SDS 2 om ’t hy boeven fange moast. Dit klopte net. Hy moast behang plakke(“stizel smare”).

SDS 1 ferliest ûnnoadich yn Hurdegaryp
Hjoed krigen wy it ferslach binnen fan SDS 1. Wichard Deinum wie moandei siik en koe de pinne net rjocht hâlde. Lokkich genôch wie hy hjoed wol yn staat om in ferslach te skriuwen. Klik hjir en lês alles oer de wedstriid Hardegariijp 1-SDS 1. Mei û.o. de reade kaart foar Klaas Okkema, de min liedende skeids, de goeie keeper fan Hardegarijp en de rentree fan Jappie Wijnia.


Dreech!!
It 1e sealteam moat moarn nei Heerenveen om te fuotbaljen tsjin FFS. Dit team komt út Stobbegat(Vegelinsoord). Makkie soenen je sizze. Rekkenje der mar op fan net. By FFS spylje û.o. Erik Ten Voorde en Jeffrey Talan, beide âld-spilers fan SC Heerenveen. Talan spile sels noch yn it Nederlâns alvetal. SDS 1 kin him dus mar klear meitsje.

Programma
Kommende sneon is der noch in folslein programma. Sels de jongste jeugd moat de greide wer yn, omdat er in ynhelprogramma foar harren is. En dan mar hope at it moarns 9 oere wat ljocht is.
Foar it programma fan dizze en kommende wike kinne jim sjen by agenda.

Jarje.
It giet net super mei de boeren yn Fryslân. De iene nei de oare stopt er mei. It jarjen rekket sa ek út de tiid. Foar de Okkema’s in reden in alternatyf te sykjen. Pieter Liuwe mocht de
earste fracht ôfleverje by Cafe Bergsma.

Kâlde kont
Kom je ûnder de lekkere waarme brûs wei, sit je efkes lekker knus yn de kantine dan is it in ferskrikking dat je dêrnei je kâlde sadel wer opsykje moatte. Sa’t jim
hjir sjen kinne is dêr no ek in oplossing foar.

Neipeteare
Sneons nei ofrin fan it fuotbaljen dan hawwe je it der noch wolris efkes oer. Oer de regels bygelyks en dan seure wy oer fan alles. Sjoerd Postma besiket ús dan wat by de les te hâlden mei wize wurden. Ek sneon wie dat wer sa: Hy sei it
folgende.

Wat besprutsen sy?
Douwe Dirk Reitsma en Tjeerd Dijkstra hiene wakker praat ofrûne sneon yn de kantine. Wêr giet it dan oer? Oer it keatsen, it fuotbaljen, de Skoalleseize.

Hawwe jim in idee, mail it ús info@vv-sds.n

l  

Nije ballen
SDS 4 krige sneon samar in twatal nije ballen om yn te skoppen. It net hat noch nea sa fol west. De gulle skinker wie net Sinterklaas mar Willem Tjalsma. Hy tankt wol gauris en sparret dan foar in learen fuotbal. Willem, tige tank.