Wepperkes -tiisdei-

Justerjûn ledengearkomst!
25 oktober 2004
Oantekens fan bestjoersgearkomst
26 oktober 2004

Ledengearkomst
Justerjûn wie wer de jierlijkse ledengearkomst fan SDS. De gearkomst waard troch sa ’n 40 persoanen bywenne. By de kop pakt waarden û.o. de nije shirts en it kleanfonds, de fjilden, de nije kantine, de kontribúsje, de sinteraasje, de suksessen en soksawat mear. As it treft dan kinne jimme hjir jûn in ferslach ferwachtsje.

De nije Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer wer út. Hawwe jimme noch wat, mail dat dan efkes nei
detreffer@vv-sds.nl.

Sammeldrift
As der by SDS 1 of 2 in shirtsje of broekje mist dan wurdt der al gau sein dat dit fêst by Jacob-Klaas Haitsma yn ‘e kast hinget. It is net dúdlik as dit no komt trochdat hy lêst hat fan kleptomanie, shirtsjes en broekjes sparret of se gewoan per ûngelok yn syn eigen tas stekt. Ek de keatsferiening fan Easterein bliket noch in shirtsje en in broekje te missen. Wêr soe dit no wêze kinne? Hans Kooistra hat Erik Haitsma sneon mar ris frege om ris yn syn of Jacob-Klaas syn kast te sjen. It wol de KF net misse dat ek dit tenue bedarre is yn de samling fan de Haitsma’s.

Lytse trainingsfjild
De Skoalleseize hat it mar drok mei alle trainingsfjilden. Troch al it wetter hawwe de fjilden aardich te lijen. Freed hat leanbedriuw Okkema it lytse trainingsfjild yn Easterein beluchtsje litten en omwuolle sadat de toplaach wer wat better wurdt en it wer hiel wat wetter hawwe kin.

Mar hoopje dat de greppels hun wurk dogge.

Dat binne dochs gjin droegskuorren?

Wepperkes
Hawwe jimme ek noch wat mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl. Letter hjoed mear!