Wepperkes- tiisdei –

Lykle Bleekveld tekent by SDS
25 mei 2004
Kampioensfoto SDS 1 bestelle!
27 mei 2004

Besikersoantallen
It oantal besikers op ús side rûn ferline wike efkes hurd werom. Eastereinders hiene troch de keatsfeesten amper tiid om efkes te sjen at er noch oare saken yn de wrâld fan belang wiene. Dat is no oer. It is in wike fan bekommen en dan kin der ek wer efkes surfd wurde.

Keatse
Ofrûne wike wie Easterein efkes it mekka fan it keatsen. Kommend wykein is dat Frjentsjer wer. Sneon de Junioren en moandei de senioren op de nederlandse kampioenskippen. Wy hawwe de list al efkes neisjoen en koene wer hiel wat (âld)SDS-er ûntdekke.
Junioren  (sneon):
Mantgum: Skelte Anema
Burchwert: Tjerk Okkema
Wommels: Jacob Klaas Haitsma
Spannum: Ido Harkema, Bote Strikwerda, Jacob Tijmersma
Easterein: Marten Faber, Tjipke Klaas Okkema, Dirk Y Sjaarda
Itens: Albert Jan Kamstra, Sybren Nauta

Senioren (moandei):
Akkrum: Sjoerd Boonstrsa
Mantgum: Skelte Anema
Wommels: Jacob Klaas Haitsma
Easterein: Dirk Y Sjaarda, Tjipke K. Okkema, Gert Jan Hiemstra
Spannum: Duco Harkema, Jacob Tijmersma

Wy winskje se allegear in protte sukes

EK – foarspellingen
De Treffer gearkomst is dizze wike. Dêr sil ek besluten wurde hokker poule der opsetten wurde sil foar SDS. Bliuw de kommende wike dizze side dus folgen.

Oplette
At je ûnderweis binne mei auto of fyts dan moatte je goed oplette want soms kinne je fan alles tsjinkomme. Bygelyks yn de Weerribben

of oan de Linge



Bûtenpost rêdt it net
Bûtenpost rêdde it ôfrûne sneon net yn ‘e finale fan ‘e neikompetysje tsjin Hurdegaryp. Yn ‘e lêste minuten ferlearen sy mei 2-1. Folgend jier sit Bûtenpost dus net by SDS yn ‘e kompetysje. Dit mailtsje krigen wy noch fan ‘e lieder fan Bûtenpost, Riemer Riemersma, neidat ús foarsitter, Rienk Wiersma, him foar de wedstriid sukses winske hie.
Hallo Rienk,
Helaas, helaas. Volgend seizoen niet naar Oosterend.
Om kort te wezen, een slechte wedstrijd van onze kant en helaas speelden we ver beneden ons niveau en konden we niet brengen wat we anders altijd brachten.
Teleurstelling is groot bij ons vooral als je er zo dicht bij zit. Eerst maar eens lekker uitrusten en de wonden likken. We zien jullie wel in Dronrijp tijdens het zaal/veldvoetbal aldaar en kopen er een biertje op.
Bedankt en tot ziens en veel succes volgend seizoen.
Riemer Riemersma

Midsimmercup yn Dronryp
Op 3 juli wurdt yn Dronryp de Midsimmercup spile. Sy wolle dit elts jier organisearje sadat it yn ‘e takomst miskien útgroeie kin tot tsjinhinger fan de Midwintercup yn it FEC. Der wurdt gewoan bûten fuotballe mei sealregels. Dus 5 tsjin 5. SDS giet der ek hinne. Jimme kinne der letter dizze wike mear oer lêze.

Info@vv-sds.nl
Hawwe jimme noch wat foar ús webside, mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Freddy S. en Van de Herik
Sa mei sokke feessies as ôfrûne wykein komme de wyldste ferhalen fansels nei boppe. Sa die bliken dat Freddy S. inkelde wiken lyn (as ras-Ajacied) by Grins-Feyenoord west is mei in befreone grins(??)rjochter. Allegear al hiel ûnwarskynlik, mar oké. No gie it ferhaal ek noch dat F. in gesprek hân hat mei Bert van Marwijk en letter sels mei de oppergod fan Feyenoord, Jorien van de Herik. F. koe as ras-Ajacied moeilijk oer Ajax begjinne. Doe ’t Jorien van de Herik oer de reade kaart fan in spiler út de 3e Klasse KNVB Noord die ’t mar noait in skorsing krige begie, stie F. efkes perpleks. En wy no ek(!!???).