Lykle Bleekveld tekent by SDS

Eddy Makaay de Boer
24 mei 2004
Wepperkes- tiisdei –
25 mei 2004

Justerjûn hat de A- en B-seleksje alfêst in earste gearkomste hân mei de nije haadtrainer, Lykle Bleekveld. Lykle fertelde efkes wat oer himsels en wat syn ferwachtingen binne tsjinoer de spilers. De spilers krigen alfêst in briefke mei wêr op stiet wannear at der nei it simmerskoft traint wurde sil en tsjin wa at der oefene wurdt. De trainingen begjinne moai op ‘e tiid. 27 juli begjint foar de A- en B-seleksje it nije seizoen alwer mei in earste training. Nei de gearkomste sette Lykle syn hântekening ûnder it kontrakt mei SDS. Hy sjocht it dus op it earste gesicht wol sitten.


Lykle set syn hântekening ûnder tasjoch fan foarsitter Rienk Wiersma.