Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
25 maart 2007
Wepperkes -woansdei-
28 maart 2007

Futsal 3 tige aktyf
De hearen futsallers fan SDS 3 binne dizze wike tige aktyf. Moandei hiene se in útwedstryd tsjin Res 5 en woansdei spylje se thús tsjin datselde Res 5. Wij binne sa as altyd tige nijsgjirrich nei de útslaggen. Mail it nei
ús!

Join the winning team
SDS 3 wûn ôfrûne sneon muoisum fan Leeuwarder Zwaluwen 5. Hjir it wedstrydferslach fan matchwinner Jentsje Jorritsma(klik hjir).

Futsal 1
De stân fan de futsallers fan SDS 1 is bywurke. Al kin der noch wolris in útslach misse. Sa ’t jim yn elts gefal al sjen kinne is de stân aardich fertekene trochdat SDS al útfuotballe is wylst alle oare ploegen noch ien of mear kear fuotballe moatte. Sjoch hjir hoe ’t it no stiet(klik hjir). Sjoch ek ris yn it gastenboek.

De Treffer
Mochten jim noch wat hawwe foar de kommende Treffer, dan kin dat no noch maild wurde nei
de redaksje. It moat úterlik tongersdei binnen wêze.

De goeie sjaal
Ek al wennet er yn Drylts mei frou en twa bern, hij sil syn ôfkomst net ferswije. Kom je Jan Keuning tsjin dan hat er altyd noch de SDS sjaal om. “De YVC sjaal stiet mij net”
 
Ek op syn troudei koe Jan net sûnder dy sjaal

Sjurts waskje
Bij SDS 5 nimme se oan de beurt de fuotbalsjurts mei nei hûs foar de wask. Meastal in putsje foar de frou, mar dizze kear rôp Tjeerd wol hiel hurd dat hij de sjurtsjes wol graach meinimme woe. Want Tjeerd woe syn krekt learde Japanske technyk fan
sjurtsje opteare graach yn de praktyk bringe. Sneon krije wij miskien wol in demonstraasje.

Chris Resing en de SDS sjaal

Wa kin him Chris Resing net mear herinnerje. De man út Brabân dy’t sneons it hiele lân trochreizget foar in amateurwedstryd. Doe’t SDS tsjin Wikels Hallum spile wie hij hjir.
Ofrûne sneon wie hij bij Marienberg- PKC83. Want wij krigen dit berjocht fan him:
Ik was zaterdag in Marienberg en had de SDS shawl om, meteen herkend door de bezoekers die PKC83 heetten (jullie wel bekend uit 1E, ze wisten dat het sportpark van SDS eigendom is van de parochie, dus ze hebben destijds goed geluisterd).
Dus die jongens van Marienberg meteen helemaal benieuwd wat dat dan wel was, ik zeg een mooie club man uit Friesland!
Zeggen zij: laat die shawl maar hier dan hangen we hem aan de muur van het clubhuis.
Zeg ik: kan ik SDS niet aandoen want die heb ik gekregen.
Maar wat wel kan is dat ik er jullie een laat toesturen.

Hamster
Om it wer goed te meitsjen mei de famylje Tiemersma(sjoch wepperkes-snein) hat Stoffel hjoed mar in nije hamster kocht foar Elly en de bêrn. It wie al better west as hy Ype ek efkes op de hichte brocht hie………….(klik hjir).

Nijs?
Mail it nei
ús!