Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
24 maart 2007
Wepperkes -tiisdei-
27 maart 2007

Futsal: SDS 1 wint ferrassend fan koprinner!
SDS 1 hat fannejûn ferrassend syn lêste kompetysjewedstryd wûn fan koprinner Dalen.
Net ien joech fannejûn wat foar de kânsen foar SDS. Sy moasten út tsjin Dalen. Dit is de koprinner en sy geane hielendal foar it kampioenskip no ’t sy krekt útskeakele binne yn de heale bekerfinale. Oan ’t de rust like it der ek net op dat SDS winne soe. Sy stienen mei 4-2 achter en it wie wachtsjen op de beslissende goal. SDS kaam echter werom oan ’t 4-4 en makke op it lêst sels noch 5-4. De goals fan SDS waarden makke troch Skelte(2x), Feite, Harm en Tsjipke. Allinnich keeper Jaap en Peter skoorden net.
It is no ôfwachtsjen as SDS ek noch degradeart of neikompetysje fuotballe moat. De stân moat noch bywurke wurde. Oan ’t foarige wike seach de stân der sa út(klik hjir).

Netwerk
Ek âld SDS-ers hâlde wij yn de gaten. Sa is der jûn in reportaazje oer Afganistan yn Netwerk (20.25 oere).  De oankundiging is: Netwerk-verslaggever Herman Vijlbrief en cameraman Bram Haas zaten in het konvooi en maakten ter plekke een reportage.
Herman komt fan Wommels en fuotballe oan de A-s ta.

Lêste wedstryd?
De futsallers fan SDS 1 spylje fannejûn harren lêste kompetysjewedstryd. Sy moatte út nei Dalen. Dit is de koprinner yn de Haadklasse A. SDS kin oars noch wol in puntsje brûke. Hooplik is Dalen de bekernederlaach yn de heale finale tsjin ZVF ôfrûne wike noch te boppe.
(klik
hjir foar de stân).

Bliuw dêr mar.
Feite de Haan fuotballe sneon net om ’t hy mei de famylje nei de Huttenheugte wie. Hy hie dêr wol bliuwe kinnen fannemoarn, want jûn moat hy wer dy kant op om te sealfuotbaljen tsjin Dalen.

Goeie dei
Jos Zonderland hie by SDS 2 sneon in goeie dei. Hy pakte mei SDS 2 wer ris 3 punten en koe tidens de wedstryd ek noch in bon útskriuwe……(klik hjir).

Promovere?
SDS 3 kriget it noch dreech yn de race om it kampioenskip. Sy steane boppe-oan tegeare mei Frentsjer 2 mar Frentsjer hat in wedstryd minder spile. Ek draait de doelpuntenmasjine fan SDS 3 de lêste wiken wat stroef. By Frentsjer 2 is dit wol oars. Foarige wike skoorden sy 5 kear tsjin IJVC en dit wykein sels 8 kear tsjin SC Joure. SDS 3 moat sels ek noch tsjin Frentsjer fuotbalje. It kampioenskip wurdt dus dreech mar wy hawwe út betroubere bron fernaam dat Frentsjer 2 net promovere wol…….. Der sit dus in kâns yn dat SDS 3 ek promovere kin as sy 2e wurde……..

6 dikke punten
Bertus Bootsma hie sneon in goeie dei. Earst spile hij 90 minuten mei SDS 3 yn Seisbierrum en hij wûn mei 2-1. Doe gie hij nei Frjentsjer om dêr noch 45 minuten SDS 5 te helpen om ek al in oerwinning te heljen. Net min foar in jongehûn fan hast 42. Sneon hat er syn jierdei.

Habtamu yn de Arena
It is al wer efkes lyn dat Habtamu de Hoop yn de Arena wie om de spilers fan sc Heerenveen te plak te bringen. De foto’s binne klear en dy kinne jim
hjir sjen. Om Habtamu te ûntdekken hawwe je goeie eagen nedich.

Queresma! Super!
Ôfrûne sneon koenen wy net echt genietsje fan it Nederlâns alvetal. Lokkich genôch wienen der mear wedstriden. Jildert Hylkema tipte ús noch oer dizze geweldige goal. Gean der mar efkes foar sitten. Queresma skoort foar Portugal tsjin België. Super!(klik
hjir).