Wepperkes -tiisdei-

Trainers- en oar nijs
2 december 2007
SDS League: Net te leauwen!
4 december 2007

Trainen
André Vink jout tiisdeitemiddei it folgende troch:
Alleen het 1e en 2e mogen trainen op de velden, mits ze het zelf verantwoord vinden.
De rest van de trainingen zijn afgelast.

Oan ’t de 16
SDS 3 ferlear sneon mei 2-0 fan Ouwe Syl 2. Klik
hjir foar it ferslach fan Ralph Wariman.

Kantine
De mannen fan SDS 3 stienen sneon mei nammen fersteld fan de “grutte” fan de kantine by Ouwe Syl:


LC-koaches
Der binne 31 SDS-ers dy’t meidogge oan it Koachspul fan de LC. De beste 10 fan elke klup bepale hoe heech at je steane yn de amateurklupkompetysje. It is dúdlik dat de SDS-ers oer it ginneraal net folle yn te bringen hat. Op in
77-ste plak stiet ús klupke.

C1 leaut yn Sint en kin net traine
Fan Dirk de Jong krije wij it folgende berjocht troch:
It trainen fan de C1 op 5 desimber giet net troch. In oantal binne nog al gelovich yn de goed heilich man. Yn goed oerlis mei de technyske staf van C1 (Ab, Siepie en ik), hawwe wij mar beslúten om net te trainen op dizze jûn.

Sinterklaas
Wij kinne der fansels net ûnderút om oandacht te jaan oan Sinterklaas. Persoanlik moatte wij neat ha fan mannen mei lange hierren en lange burden mar fan dizze alhiel net.
Kelvin is it wol aardich mei ús iens. Hoewol….

Doelpuntenklassemint
It bijwurke klassemint kinne jim
hjir sjen. Gearard bliuwt fansels oan de lieding.

Ynhelprogramma
Kommende sneon 8 desimber is de lêste reguliere kompetysjewedstryd.
Op 15 desimber is der in ynhelprogramma. Ek in oantal ploegen fan SDS moatte der rekken mei hâlde dat se dan spylje moatte.

14:30 SDS 5 – Waterpoort Boys 4
10:15 SDS C1 – IJVC C1

14:30 CVVO A1 – SDS A1
12:30 ONS Sneek DA3 – SDS DAJ

Gelokje
Sommige spilers skore hiel maklik. Oaren kinne wol in “bytsje”gelok brûke(klik
hjir).

SDS League
Jûn de nije stân!