Trainers- en oar nijs

Wepperkes -snein-
2 december 2007
Wepperkes -tiisdei-
3 december 2007

Dick Schuurman nije trainer SDS 1
SDS 1 hat in nije trainer foar folgend seizoen oanstelle kinnen. It giet om Dick Schuurman. Hy spile jierren yn SC Joure 1 en VV Sneek 1 foardat hy 3 jier lyn as haadtrainer begie by Oeverzwaluwen. Dick Schuurman is 36 jier.


Hylke Schrale fertrekt
SDS moat ek op syk nei in nije trainer foar SDS 2. Hylke Schrale hat witte litten dat hy yngiet op it oanbod fan “syn grutte leafde” Leeuwarder Zwaluwen om dêr trainer te wurden by it 2e/3e.


Spitich………..

Sealtraine
Ek dizze wike kin
de jeugd gelokkich wer binnen traine. It skema sjocht er sa út.

DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS  
Maandag E2 3-dec 17.00 Bauke Dijkstra 331600
Donderdag F1 6-dec 17.00 Theo Postma 569984
Donderdag F3 6-dec 17.00 Jan Bouke Bouma 532609
Vrijdag F2 7-dec 17.00 Broer Jacob Greidanus 332461
Vrijdag F3 7-dec 17.00 Gert Jan Veenendaal 332672

Adres
Wij krigen fan meardere kanten it email adres fan Rudy Hobbenschot ta maild. Hij is yn juny mei syn gesin nei Sweden gien. Sa kinne wij foar in folgende Treffer de rubryk “ofskie nimme fan….” fulle mei de Hobbenschotten.
Ek krigen wij fan Akke de Boer it adres
fan harren webside binnen en wat sketst ús ferbazing?  Makke troch in SDS-er!

Sinteklazetips!
Hjir wat tips foar Sinterklaas(klik hjir)


Fakature!
Wa is der noch op syk nei in baan? Gerard van Asselt wit ús te melden dat hy wol in baantsje hat. It giet om in baan fan 38 oeren wyks by de Aktiesport yn Emmeloord. Wa ’t dit wol wat liket kin kontakt opnimme mei Gerard(0614416054 of klik hjir).

SDS League
Moarn hjir de nije stân fan de SDS League.

Kwis
Wy hawwe sels al aardich oan de gong west mei de kwis  op de webside fan de VI. Wy misse noch 4 antwurden. Wy binne noch altiten benijd nei jim goeie antwurden(klik hjir). Woansdei komme alle antwurden.