Wepperkes – tiisdei –

SDS 3 op stap
11 december 2006
Wepperkes – woansdei –
12 december 2006

De foto
De foto dy’t no op ús side stiet levere in oantal reaksjes op.
Klaas Okkema skriuwt it folgende:
Joop de Boer, Piet de Jong, Jelle de Boer , Henk Walda
Jaap Jaarsma ,Klaas Okkema ,Lolke Okkema of Wim Bakker  . 
SDS   –  Broekster Boys  2  – 0   prachtige wedstryd   doelpunten  Wim  en  Klaas

Freddy Scheltema skriuwt
Jelle de Boer Piet de Jong, Wouter Hijlkema en de boppeste is Henkie Walda. It is mogelijk dat de persoon die der wat ûngelokkich leit myn persoontsje is.
 

Douwe Reitsma reageart:
Pyt de Jong rint fuort
Jelle de Boer komt deron
Henk Walda dukt oer de spilers hinne
Wim Bakker leit d
ê
runder
Gauke Halbersma krupt derunder wei
De leste spiler wit ik net
De trainer op de eftergrun is Roel de Wit?

SDS 2 hat spile
De futsallers fan SDS 2 binne justerjûn nei Hasselt west. Hoe is it harren fergien. Lês it letter hjoed.

SDS 3 op stap

SDS 3 is sneon op stap west. Jeroen Wagenaar mocht in demonstraasje jaan hoe’t je in kampioenskaal fêsthâlde. Letter hjoed in sfearreportaazje mei foto’s fan Anco .

Aktiviteitenkommisje kundigt oan
As it waar it talit en de fjilden binne bespylber oankommende sneon 16 desimber, dan is der nei de wedstriden fan it earste en twadde alvetal, dy beide thús spylje, in gesellige neisit. It is de bedoeling dat www.djjello.nl  mei syn diskoteek foar in oangenaam sfearke soargje sil. Wy roppe eltsenien, dy’t SDS in waarm hert ta draacht op, om hjir by oanwêzich te wêzen.  Foar de dúdlikheid de muzyk giet allinnich troch wanear at der fuotballe wurdt.

De aktiviteitenkommisje 

Kwisfraachje
Foar sommige minsken (ek binnen SDS)  sil 19 july 2008 in wichtige datum wêze. Wa wit werom. Mail it antwurd nei
dit adres. Wij krigen al in reaksje binnen mar dy wie net goed.
 
Spilerskaart (6)


Dizze kear Wieger Boonstra. Witte jim noch wat fan him te melden, mail it nei ús.