Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
15 september 2007
Wepperkes -tiisdei-
17 september 2007

Famkes tsjin de Froulju
Kommende sneon in grut spektakel op de Skoalleseize. De SDS-“famkes” sille it opnimme tsjin de SDS-“froulju”. De wedstryd begjint om 9.00. Nim al je freonen en bekenden mei om dizze wedstryd te sjen. De tagong is foar neat, mar tink derom…..fol=fol.

Heal fjild?
It liket derop dat de froulju sneon op in “lyts”fjild fuotbalje, want it is aardich drok om 9.00. Klik hjir foar it hiele programma.

Doelpuntenmakkers
Gerard Posthumus kaam sneon net yn aksje(hij seach wierskynlik op Woudensteijn SC Heerenveen 5 kear skoaren), mar hij bleau wol oan kop.
Remco Bervoets, dy’t dit jier opfallende faak skoort, kaam in doelpunt tichter bij en Harm Auke Dijkstra maak mei in hattrick syn ambysje dúdlik. Sjoch
hjir foar de hiele list.

D2 stiet der wer kreas op
At je D wurde en je moatte op in grut fjild fuotbalje dan wolle je ek in nije foto. Wêr’t earst D1 “seurde”om nije foto’s is D2 no ek op de kyk setten. Richard Oukes hat dat foar ús dien en it resultaat kinne jim
hjir sjen.

Spanning op de gesichten

Yn de earste helte wie Trynwaldster Boys 1 –  SDS 1 net echt boeiend. Yn de twadde rûn de spanning op. Dat wie ek ôf te lêzen fan de gsichten fan in oantal SDS-supporters.

SDS League
Wy hoopje moarn mei de earste stân fan de SDS League te kommen. Dan moat al alles meisitte.

Nije Treffer
Hawwe jim noch wat foar de nije Treffer dan wolle wy dat graach foar sneon binnen hawwe. Mail it nei
DeTreffer@vv-sds.nl!