SDS League: 2 wykpriiswinners!

Wepperkes -tiisdei-
28 november 2006
Wepperkes -woansdei-
29 november 2006

It binne dizze wike Robert Hoekstra en de Sterke Ploech fan Sjoerd Postma dy ’t de wykpriis pakke. Beide hawwe 32 punten. Dit is krekt ien mear as de 2 mannen út de snackkarre; De Vinnige Frikandel(Gerard van Asselt) en Goudhaantje(Feite de Haan).

Tom Pieter & the Heartbreakers rinne dizze wike wer in bytsje út. Sy steane no 11 punten foar op nûmer 2 The Bundy Squad(Sjoerd van Beem).

Pothuizen yn ‘e League is net de beste keuze die je meitsje kinne. Hy spilet eins noait. As ferdigener fan NEC kin je dan ek better foar Wisgerhof kieze. Snein mocht Pothuizen foar it east werris opdrafe foar NEC. Moai tsjin Feyenoord, dus in sekerheidsje wat punten betreft en dat wie ek hast it gefal. Oan ’t 3 minuten yn blessuretiid stie NEC mei 4-0 foar. Dat binne moai wat punten foar in ferdigener. Op dat momint makket de langhierige NEC’er(en Feyenoordsupporter..) in eigen doelpunt. Hendrik de Jong koe syn bûsen wol útskuorre. Hy hat Pothuizen yn de basis en dit koste him de wykpriis……… Foar Hendrik is dus ien ding wis…..

Noait wer Pothuizen!!!

De koach fan It Tredde, Appie Posthumus hat it dúdlik te drok mei de leafde(en de kapper). Hy pakt dizze wike mar 2 punten.

Rudy Völler(-Dijkstra) stiet no lêste en nimt de reade lantearn oer fan Theo Krat!(Johan Postma). Theo Krat en Co(Jaap Toering) hat de poedelpriis noch net út de holle setten en stiet hjir krekt boppe.


Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 10.