Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
23 september 2006
Wepperkes -tiisdei-
25 september 2006

Klaas Okkema sjocht Abraham

Klaas Okkema is hjoed 50 jier wurden. Fan herte lokwinske!!
Klik hjir om him ek lok te winskjen!

Wêr hong hij út?
Ferline jier  kaam dêr samar ynienen út Ljouwert Remco van Dijk. Hij waard lid fan SDS en spile in inkele wedstryd yn SDS 1 of SDS 2. Nei oktober waard it rêstich. In blessure waard er sein. It docht bliken dat hij it drokker hie mei oare dingen. Hij socht en fûn in nij hûs. Wij hawwe him dêrnei ek net wer sjoen en at jim sjogge nei dit
artikel dan sit hij mooglik no yn Mexico.

Op ‘e fyts
Ôfrûne sneon gie SDS 5 op ‘e fyts nei Skearnegoutum om 3 punten te pakken. Dit slagge úteinlik ek noch dat der sil dit seizoen wol faker fytst wurde moatte. Klik hjir foar it ferslach fan âld-Skearnegoutumer Jacob Plantinga.

Klear
De nije Treffer leit by de drukker. Hooplik leit der ein fan ‘e wike by jim yn ‘e bus.

Hoefolle Treffers?
Soms freegje je wolris ôf hoefolle Treffers der no eins drukt wurde moatte, rûnbrocht en hooplik ek noch lêze. Safolle binne it:
Overig 27
Itens 23
Dukke(iene kant Easterein) 69
Keimpe(oare kant Easterein) 71
Kubaard 18
Spannum 18
Wommels 168
Extra 16
Totaal 410

Net folle klompen
Jammer genôch wienen der sneon net folle klompen by ONT(klik hjir).
De aksje slagge úteinlik al want ONT wûn mei 2-0 fan Oeverzwaluwen. Sjoch foar it fotoferslach hjir mei dêrûnder it nûmer; De Klompendans fan Rowen Hèze. Dit nûmer waard sneon ek geregeld draait. Sa hie SDS ek noch in lyts oandiel yn de oerwinning fan ONT, want dit nûmer wie in tip fan Aant Hofstra.

B-Zestien?
Wy krigen hjoed ek alfêst wer it nije wedstrydprogramma fan André Vink binnen(klik hjir). Hjir steane alle wedstriden op fan SDS(behalve futsal) fan de kommende 2 wiken. Ien ding foel ús op. SDS A1 wurdt sneon floten troch dhr. A. Achttien…….Soenen de B’s no floten wurde troch dhr. B.Zestien???