Wepperkes -tiisdei-

Grafe foar it skoreboerd
4 april 2006
SDS League: 2 wykpriiswinners!
4 april 2006

Kom ek!
SDS B1 spilet jûn om 18.30 tsjin Zeerobben B1 yn Easterein. Kom gerust efkes lâns.

SDS 3 ûnderút
SDS 3 ferlear sneon mei 2-1 fan Oeverzwaluwen. Dit hie net hoeft. Jim kinne it hjir lêze yn it wedstrydferslach fan Jan Stenekes. Mei namme de wedstrydsponsor sil bliid wêze mei Jan syn stikje. Hy wurdt geregeld neamd.

SDS E2 op koers foar de titel?
SDS E2 heeft nu de volle winst uit 4 wedstrijden. De score is nu 31 doelpunten voor en 5 tegen. De makers: Joost 15x / Marco 9x / Gosse 4x / Abdullah 2x en Jelle Jan 1x. Zaterdag as de uitwedstrijd tegen GAVC E3. Wordt deze wedstrijd ook in winst omgezet dan zijn alle tegenstanders in de eerste ontmoeting aan de zegekar gebonden.
Groetjes, Johan

Cheerleade
Neidat SDS 1 yn jannewaris de Battle of The Sexes ferlear moast der ek in tsjinprestaasje komme. Kommende sneon is it safier. Klik
hjir foar it programma.

Op fakânsje
It is al wer hast in jier lyn dat dizze twa jonge SDS spilers yn Luksumburg op fakânsje wiene. Yn it ANWB blêd fan no wurdt reklame makke hoe moai it wol net wêze kin yn dat Gruthertochdom. In foto tsjinnet as byld en dêrop steane de twa Wommelser jongfeinten Johan Postma en Peter Hofstra

Jaloerske blikken
Der is immen binne SDS dy hat lêst fan jaloerske blikken. Net oan syn fuotbal mar om syn tige ûntspannende en rêstjouwende hâlding op syn fyts. It is dêrom goed efkes te melden dat soks foar elkenien mooglik is. Kommende snein is der in echte 
opstapdei foar minsken dy’t graach  ris sa’n hearlike lisfyts besykje wolle. Op in skeelersirkwi yn Assen kinne je fergees in hiele protte fytsen prebearje.

Nije SDS-sokken
Foar degenen dy noch gjin nije SDS-sokken hawwe. Hjir binne se te krijen. 

SDS League
Jûn kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League ferwachtsje.

Giele kaart!
Dizze skiedsrjochter fertsjinnet in giele kaart!(klik hjir).

Nijs?
Hawwe jim noch nijs, mail it nei
info@vv-sds.nl